Categorieën
Cultuur Evenement Kunst Súdwest

Utstalling keunstskilder Murk Kuipers yn Blauhûs

Oant en mei septimber 2026 is in útstalling fan keunstskilder Murk Kuipers yn kafee De Freonkip fan woansdei > sneons 12.00 – 20.00 oere en sneins 14.00 – 20.00 oere. Ynt it Teatskehûs fan 10.00 – 17.00 oere. It gehiel wurdt organisearre troch de Gerben Rypma Stichting.

Skilderij fan Murk Kuipers.

Murk Kuipers (1928-2008)

Al op jonge leeftiid ûntwikkele him in ynteresse yn keunst. In
fassinaasje foar de wrâld om him hinne en benammen foar
de natuer ynspirearren him om dit fêstlizze te wollen.

Op 16-jierrige leeftiid die Murk mei oan in ABC tekenkursus. Dêrnei folge er doe’t er 20 jier wie yn Bolsert de jûnsoplieding oan De Tekenschool, dêr’t er de earste 3 jier fan de oplieding yn ien jier ôfrûne.

Skilderij fan Murk Kuipers.

Hy gie yn 1953 nei Frankryk, doe wiene de earste stappen op
artistyk mêd al set. Letter, werom yn Fryslân, folge er de oplieding
op de akademy foar byldzjend keunstûnderwiis Vredeman de Vries
en helle hjir it diploma publisiteit en grafysk ûntwerper.

Tekst: https://www.gerbenrypma.nl/wp-content/uploads/2026/04/Ynformaasje-Boekje-Murk-Kuipers-1.pdf

Sjoch ek: https://www.murkkuipers.com/galerij

Een artikel van Willem Haanstra treft u aan via: https://www.brekt.nl/murk-kuipers/