Hie noch twa kabouterdoeken lizzen dyt untefreden wiene met harren tabula rasa status. Stelden as eask dat ik der gjin potsje fan meitsje mocht. Dwers as altyd kaam dit dus as idee boppe driuwen. Herinnere mij in potsjeskilderij fan dhr. Voerman mei Oostindische kers. Voerman is as skilder ferneamd om syn skilderijen met wylde loften boppe de Isel. Is in museum oer him en syn skildereftige soan yn Hattem trouwens. In stel moaije kwasten, in besite wurdich, lykas it Anton Pieck museum der.

It oare potsje mei ‘sliepkeamerlok’ stun yn ‘e sinne mij te ferlieden om har mantel folbledich kwastueel fest te lizzen. Djipper giet it net, alhoewol, it plantsje moat else wike hast fersopen wurde wol it netsjes bliuwe liet ik mij fertelle. Ik soe net doare om dit te fergelykjen met de measte skoanmemmen, komt gewoan sa ff boppe driuwen as assosiaasje. No hie ik lokkich in skat fan in skoanmem mei gefoel foar humor ek. As ik nei har besite de autodoar efter har tichtsloech koe ‘k it net altyd litte om te sizzen: ‘wat in prachtich gelud as ik de doar sa meiien efter jo tichtslaan’. It minske koe der altyd wer om laitsje. Mis har wol.
© Klaas Oedzes