(tekst: FNP)
FNP-Steatelid Fedde Breeuwsma fan Dokkum stelt syn sit beskikber oan partijgenoat Gerben van der Mei fan Tsjummearum. Oanlieding binne de ferkiezingsútslach (4 sitten foar de FNP) en it feit dat de partij nei alle gedachten yn de opposysje komt.
Breeuwsma (65) wie fan doel tegearre mei Van der Mei (65) de nije, jonge fraksjegenoaten it politike hânwurk by te bringen. Mar Van der Mei (nûmer 5 op ‘e list) kaam net yn ‘e Steaten, wylst wol rekkene wie op fiif of mear sitten. Omdat de FNP gjin deputearre levert, skoot Van der Mei ek net troch nei de steatebankjes.
Van der Mei hat ûnderfining yn ‘e Steaten en in soad finansjele en ekonomyske ekspertise. ‘Dêrom is it better dat ik plak foar him meitsje’, seit Breeuwsma. ‘Dat is it bêste foar de partij.’
Breeuwsma giet troch as riedslid en riedsâldste yn Noardeast-Fryslân. Ien en oar is yn goed oerlis mei alle belutsen partijen ta stân kaam.
Yn de gearkomste fan 31 maaie sil Breeuwsma de Steaten ferlitte en folget Van der Mei him op as Steatelid. Van der Mei syn plak yn de skaadfraksje wurdt ynnaam troch studint en útfiner Tjitte Hemstra (26) fan Grins.
Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1529/