Wêz eigenwiis en dwers en bliuw stiifkoppich 
de Souverein oer eigen gek bistean, 
hâld fêst oan ljeafde en haet, ear'[,] stoflik lean, 
mar wêz net nei in oarmans’ slij en roppich.
Wêz fen dyn saekjes wis en lit net sloppich 
en sleau frjemd eachweid oer dyn witnis gean: 
bliuw Hear, en baes oer eigen gean en stean, 
leau yn dyn oppermacht, strak, Frysk, stiifkoppich.
Bâlt net mei moralisten en profeten 
en âlde of nijbakken anachoreten 
of oare hoerrebazen fen de Geast,
mar set dyn libbensskoech op ‘e eigen least, 
leau sûnder lef en geastlike pretinsjes: 
It libben hat fiif, seis, acht, tsien diminsjes.
Anne Wadman (1919-1997)

