“Meer ‘mienskip’ dan dit is moeilijk voor te stellen”, skreau Gerrit Hiemstra ferline wike yn de Ljouwerter Krante oer frijwilligers dy’t harren yn enerzjykoöperaasjes ynsette foar in duorsume enerzjyfoarsjenning yn harren eigen doarp of wyk.
En dêr hat er in punt. Belutsen minsken dy’t tiid en enerzjy stekke yn it ferduorsumjen fan harren eigen libbensomjouwing binne moaie foarbylden fan inisjatyf fan ûnderop, út de mienskip wei. Mar hjir ferwyt de tsjettel de pot dat er swart is. Hiemstra nimt it bestjoerders en politisy nammentlik kwealik dat se de mûle fol hawwe fan ‘de mienskip’, wylst dyselde mienskip neffens him neat yn te bringen hat at it giet om lokale ferduorsuming. Sels docht er lykwols itselde: wa’t him ynset foar lokale ferduorsuming of har krewearret foar in enerzjykoöperaasje, is part fan de mienskip. Mar hoe sit it dan mei minsken dy’t harren likegoed organisearje of ynspanne foar harren eigen libbensomjouwing, mar dêr krekt gjin wynmûne hawwe wolle? Hearre dy minsken net by de mienskip?
Sjoch bygelyks nei Peazens-Moddergat. Ferline wike moandei hat in groep aksjefierders út dy doarpen in petysje tsjin in nije wynmûne by Moddergat oanbean oan de provinsje Fryslân. Dy petysje wurdt stipe troch 1100 ynwenners út de omjouwing. Hja meitsje harren soargen om de risiko’s foar trek- en briedfûgels, lûdsoerlêst, slachskaad en de gefolgen foar it iepen lânskip rûn Moddergat. Ek hjir komme minsken fan ûnderop yn beweging foar harren eigen libbensomjouwing en fiele harren ferantwurdlik foar harren it plak dêr’t se wenje. Dat is ommers ek mienskip, net wier? Harren ynset is allinne net rjochte op it pleatsen, mar op it tsjinhâlden fan nije wynmûnen. At it iene mienskip is, wêrom soe it oare dat dan net wêze?
De krêft fan mienskip leit yn it jaan fan romte oan dat wat fan ûnderop komt. Yn minsken dy’t harren ferbûn fiele mei-inoar en harren omjouwing, en dêr sels ferantwurdlikheid foar nimme en dat ek dwaan meie. Sadat net fan boppen ôf bepaald wurdt wat minsken nedich hawwe, mar dat wy betrouwen hawwe yn wat minsken sels kinne en wolle. Mar de mienskip praat net mei ien stim. Wat foar de iene groep ommers jildt as in kâns om de takomst fan it eigen doarp yn hannen te nimmen, kin foar in oare groep krekt fiele as in bedriging foar it plak dêr’t er him ferbûn mei fielt. Wa’t dan allinne de earste stim lykskeakelet mei ‘de mienskip’ jout gjin romte oan de mienskip, mar is East-Yndysk dôf foar oare stimmen út dyselde mienskip wei dy’t in oar lûd hearre litte.
Hiemstra ferwyt it de polityk de mûle fol te hawwen fan ‘de mienskip’, mar net nei har te harkjen. Mar is dat wol sa? De mienskip hearre betsjut net allinnich harkje nei de stimmen dy’t it lûdst klinke, mar ek om each – en ear – te hawwen foar minsken mei oare ferhalen. De mienskip serieus nimme betsjut dêrom net allinne harkje nei watst graach hearre wolst, mar ek rjocht dwaan oan de ferskillende stimmen dy’t mei-inoar dy mienskip foarmje.
Ate Bouma, FERWERT
Kandidaat-Steatelid