Troch provinsje Fryslân
Op 1 oktober begjint, lykas alle jierren, it fûgelrêstseizoen op ’e Fryske marren. Ek yn dizze perioade genietsje wettersporters, sportfiskers en oare rekreanten fan it wetter en de omkriten dêrfan. Provinsje Fryslân en partners freegje harren oant 1 april de markearre fûgelrêstgebieten te mijen. Sa krije oerwinterjende wetterfûgels de rêst dy’t se nedich hawwe. De reguliere farrûtes bliuwe tagonklik. It motto fan de earekoade is dan ek: “Genietsje en far bewust, gun fûgels harren rêst”.
Fan ‘e hjerst oant de iere maitiid binne de Fryske marren in wichtich plak foar wetterfûgels lykas de slob, de lytse seachbek en de piiptjilling. Se rêste en sykje der iten om reserves op te bouwen. Dy enerzjy hawwe se nedich om de winter troch te kommen en yn de maitiid fierder te trekken nei harren briedgebieten.
In boat of persoan kin der al op in ôfstân fan inkele hûnderten meters foar soargje dat fûgels ophâlde mei iten of opfleane. Dat kostet enerzjy. Bart dat te faak, dan ferlieze de fûgels kostbere reserves en kinne se in gebiet úteinlik mije.
Sjochst ‘Ik rust!’? Bliuw bûten it gebiet
De fûgelrêstgebieten lizze lâns de wâlskanten fan de marren yn de Natura 2000-gebieten Snitser Mar en omkriten, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeaster Brekken, de Fluezen en de Alde Feanen.
Giel-blauwe boeien en ynformaasjebuorden mei de tekst ‘Ik rust!’ jouwe oan wêr’t de fûgelrêstgebieten begjinne. Sjochst dy markearring? Bliuw dan út it gebiet wei en jou fûgels de romte. Bûten de fûgelrêstgebieten kin gewoan fearn wurde.
Mei-inoar jouwe wy fûgels de romte
De fûgelrêstgebieten binne ûnderdiel fan in earekoade. Dêryn wurkje Provinsje Fryslân, natuer- en wettersportorganisaasjes, gemeenten en rekreaasjeûndernimmers gear om oerwinterjende fûgels te beskermjen tsjin fersteuring.
Mear ynformaasje en in kaart mei de gebieten is te finen op www.fryslan.frl/fy/fugelrestgebiet.