Troch FNP DFM
Justerjûn hat de FNP-ledegearkomste Chris van Hes unanym keazen as listlûker foar de gemeenteferkiezings fan maart 2026. Chris is al hast syn hiele libben polityk aktyf. Op syn 21ste is Chris gemeenteriedslid fan De Fryske Marren wurden, dit hat hij de foargeande twa riedsperioaden dien. Dizze riedsperioade ferfollet hij it amt fan wethâlder. De Fryske Marren is neffens him de moaiste regio fan Fryslân dêr’t hij graach syn skouders ûnder setten bliuwt. De mienskip leit him nei oan it hert, en dêrmei ien fan de grutte problemen fan dizze tiid: it tekoart oan wenten. As wethâlder docht Van Hes op dit stuit alle war om safolle mooglik wenten te bouwen, pasjend bij de winsken fan eltsenien. Fierder hat Van Hes in tige ambisjeus en folweardich Frysk taalbelied fêststelle litten.
Fan alle merken thús
Op ús list stiet in ryk ferskaat oan minsken. Betûfte sprekkers, minsken mei jierren ûnderfining yn de ried dy’t it gemeentlik doalhof fan binnen en fan bûten kinne. Mar ek in soad oanstoarmjend talint. Jongeren mei in frisse blik en in soad enerzjy, dy’t ús ek helpe kinne om de jongerein mear bij de gemeentlike polityk te belûken. Fan Bakhuzen oant Vegelinsoard, manlju en froulju, boatbouwers, befeiligers, dosinten, kommunikaasje-eksperts, amtners, wittenskippers en pensjonado’s, fan alle merken thús. Mei elkoar tarist om in ferstannich beslút te nimmen foar it mienskiplik belang: romte sykje om mei-inoar it goeie petear te finen, romte jaan oan duorsume ûntwikkelingen en romte hâlde foar wat ús dierber is.