Op sneon 11 oktober 2025 wie ik by de feestlike útrikking fan de Gysbert Japicxpriis foar Fryske poëzij oan dichter Elmar Kuiper yn de Martinitsjerke yn Boalsert. In moaie middei, perfekt organisearre troch Tresoar, bywenne troch sa’n hûndert minsken. Jo wiene der dus net. En dat wie ek it gefal mei de grutte mearheid fan Fryske skriuwers, dy sieten foar Sabalenka tsjin Pegula, en mei Omrop Fryslân, want dêr is de ferslachjouwing fuortbesunige.
No woe ik leaver in skôgjend as in soer stikje skriuwe, Elmar Kuiper fan Jorwert is ommers in geweldige dichter, syn bondel is in geweldige bondel en de advyskommisje hat dus in geweldich beslút naam om de priis ta te kennen foar Ferlosboartsje. Wat net sizze wol dat jo neat opfallen wie, hiene jo bywêzich west. Dêrom praat ik jo efkes by.
By it derynkommen wie it dalik al dúdlik hoefolle war de organisaasje dien hie om der in middei fan nivo fan te meitsjen. Der stie in tsien meter lange tafel fol Fryske boeken. Oan de sydkanten fan it skip stiene mânske televyzjeskermen opsteld, sadat men oeral yn ’e tsjerke it barren ek sûnder brilleglêzen goed folgje koe. Neist in berch jild en in grutte oarkonde krige de priiswinner foar it earst ek in prachtich brûnzen boarstbyld oanbean, ik nim oan fan good old Gysbert, mar dat ha ’k mist want ik flústere krekt wat oan in buorfrou oer de nuvere útspraak dy’t ik mar hieltyd hearde fan wurden as biis, fiis, griis, niis, priis, tiid, tsiis en wiis.
Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2025/10/de-gysbert-en-de-dichter-wannear-falt.html