Categorieën
Fryslân Landbouw

Priisfraach werbestimming pleatsen Noardwest-Fryslân

Hieltyd mear histoaryske pleatsen reitsje harren agraryske funksje kwyt, komme leech te stean of reitsje fertutearze. Dat wurket negatyf út foar de leefberens fan it plattelân. Werbestimming is in goede oplossing, mar is faak djoer. Dat jildt benammen foar it opknappen fan dakken. Yn Noardwest-Fryslân wurdt dêrom troch de provinsje de priisfraach Nije fitaliteit troch âlde pleatsen organisearre. De tsien bêste werbestimmings fan in monumintale of karakteristike pleats kinne yn ‘e beneaming  komme foar prizen oant € 25.000, — foar it opknappen fan it dak.

Eigeners kinne it plan fan harren útfierde of noch út te fieren werbestimming yntsjinje fan 5 septimber oant en mei 3 oktober 2022 by de provinsje. It moat dêrby gean om in pleats dy’t in status hat as ryks – of gemeentlik monumint óf dy’t te boek stiet as karakteristyk op grûn fan it bestimmingsplan of provinsjale kultuerhistoaryske kaart. It mei ek gean om in part fan ‘e werbestimming yn kombinaasje mei in agraryske funksje. In ûnôfhinklike sjuery sil hifkje op ‘e effekten foar leefberens, restauraasjekwaliteit en maatskippij.

De priis mei bestege wurde oan it opknappen fan dakken of dakflakken dy ‘t yn in matige of minne steat fan ûnderhâld binne. Dêrneist mei it jild bestege wurde oan it ferfangen fan net- tradisjonele dakbedekking lykas golfplaten of asbestdakken troch tradisjonele dakbedekking lykas pannen of reid.

De priisfraach wurdt stipe út it Europeeske Leaderprogramma Noardwest-Fryslân en is fan tapassing foar de gemeenten Harns, Waadhoeke, Ljouwert (eksklusyf stêd) en Súdwest-Fryslân (allinne it eardere Littenseradiel). Doarpen en maatskiplike organisaasjes lykas de Boerderijenstichting Fryslân, wurde frege om eigeners te stimulearjen harren werbestimming yn te stjoeren.

Eigeners mei fragen oer de priisfraach, werbestimming, eksploitaasje, monumintale wearden en wetlike prosedueres, kinne terjochte by it Kenniscentrum Herbestemming Noord foar stipe.

Mear ynformaasje oer de priisfraach, de betingsten en de stipe is te finen op: https://www.fryslan.frl/dakenfryskepleatsen

Mear ynformaasje oer it Wurkplan Takomst Fryske Pleats is te finen op: Ruimtelijke kwaliteit, Erfgoed en Landschap | Fryslan

DIT ARTIKEL IS FAN DE PROVINSJE FRYSLAN