Jan Arendz nimt de funksje oer fan Annigje Toering dy’t sûnt maaie interim-foarsitter wie. Arendz (1964, De Feanhoop) wurket as selsstannich kommunikaasje-adviseur en wie earder sjoernalist by de Ljouwerter Krante.
‘’It is tiid om as frijwilliger wat werom te dwaan foar de Fryske mienskip. Troch de fernijing en ferjonging by de FNP ha ik ûntdutsen dat ik dat by dy partij dwaan kin en wol”, seit Arendz.