Categorieën
Politiek Welzijn Zorg

FNP: Bernehertsjirurgy Grins moat bliuwe

(tekst: Sijbe Knol FNP-Fryslân)

Minister Kuipers fan Folkssûnens hâldt fêst oan plannen om de bernehertsjirurgy yn twa sikehuzen te konsintrearjen. Dêrmei is it behâld fan de bernehertsjirurgy yn it noarden fan Nederlân noch hieltyd yn gefaar, in jier nei de grutte demonstraasje yn Grins en politike útspraken fan sawat alle partijen yn de Steaten. De FNP stelt mûnlinge fragen.

“Minister Kuipers spilet ferdeel en hears” 

Hjoed waard (moandei 16 jannewarris, red.) bekend dat Minister Kuipers fan Folkssûnens in brief stjoerd hat oan de akademyske sikehuzen wêryn’t hy fêsthâldt oan eardere plannen om de bernehertsjirurgy yn twa sikehuzen yn Nederlân te konsintrearjen. De sikehuzen moatte sels mar útmeitsje hokker twa sikehuzen dat binne. Dêrmei giet hy yn tsjin it advys fan de Nederlandse Zorgautoriteit, dy’t skriuwt dat sluting fan de besteande ôfdielingen grutte en net-omkearbere konsekwinsjes hat.

In jier lyn hawwe de Fryske Steaten mei grutte mearderheid in moasje yntsjinne en oannaam, wêryn’t it kolleezje oproppen waard ‘op bestjoerlik nivo, yn oparbeidzjen mei UMCG, de bestjoerlike partners yn Noard-Nederlân en oare belutsenen, rjochting it Regear en Twadde en Earste Keamer alle war te dwaan foar it behâld fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG yn Grins.’

De FNP Steatefraksje wol fan it kolleezje witte wat de deputearren sûnt ferline jier út de wei set hawwe om it bernehertsintrum yn Grins te behâlden en wat der út de oerlizzen kaam is dy’t it kolleezje hân hat mei de kollega-deputearren yn Grinslân, Drinte en Oerisel en út de petearen mei de partners út de medyske sektor?

De minister wol foar 1 april fan de akademyske sikehuzen it antwurd witte, oars nimt hy sels in beslút. Neffens de minister is der gjin tiid om goed nei de konsekwinsjes te sjen, sa as de Nederlandse Zorgautoriteit advisearret. Neffens de FNP is dat in ûnmooglike ferdeel en hears-polityk, wêrtroch de minister dêrnei syn eigen beslút trochdrukke kin.

De Steatefraksje wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten yn gearwurking mei de oare provinsjes en mei de medyske sektor druk útoefent op de minister om it behâld fan de bernehertsjirurgy yn Grins te garandearjen.

Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1512/