Categorieën
Fryslân Natuur en milieu Nederland Politiek

Twadde Keamer yn petear oer PFOS-fersmoarging yn Jelsumer Feart

(tekst: Omrop Fryslân)

De Twadde Keamerfraksje fan GrienLinks-PvdA wol fan it regear opheldering ha oer de PFOS-fersmoaring yn de Jelsumer feart.

Yn fragen oan de ministers fan ynfrastruktuer en wettersteat en definsje freegje sy dúdlikens oer oft der hjoeddedei noch PFOS-hâldende middels brûkt wurde oft dat it echt om in histoaryske fersmoarging giet.

De partij wol boppedat helder ha wannear’t de boaiem op de basis sanearre wurdt. Ek is se benijd oft dizze foarm fan fersmoarging ek op de oare bases foarkomme kin en oft dat ûndersocht wurdt.

Sjoch fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16552341/juridyske-proseduere-tsjin-fleanbasis-fanwegen-fersmoarging-jelsumer-feart