Troch Hessel de Walle
Fryslân telt tusken de muorren fan ’e âlde tsjerken mear as 150 grêfkelders. It wienen de rûmten dêr’t de Fryske eallju en patrisiërs yn in perioade fan in 250 jier mear as 1300 ferstoarne famyljeleden bysette lieten.
Tegearre mei de pracht fan ’e roubuorden, hearebanken en bysûndere grêfsarken wisten se sa in protte doarpstsjerken te feroarjen yn persoanlike mausolea.
In wiidweidich en djipgeand ûndersyk nei al dy kelders hat al in protte ynformaasje oplevere. Sokke kelders ha de ôfrûne jierren gauris yn it nijs west. Alle ynformaasje sil sa’t it no stiet takom jier yn boekfoarm ferskine.

We binne lykwols noch altiten op syk nei mear ynformaasje. Sa is der al spul tefoarskyn kommen út partikuliere of pleatselike boarnen. Mar mooglik misse we noch saken.
Kontakt fia: hesseldewalle@gmail.com