Categorieën
Cultuur Fryslân

Nije subsydzje-omgong eigeners Fryske monuminten

(tekst: provinsje Fryslân)

Eigeners fan Fryske monuminten kinne fan 18 oant en mei 22 septimber 2023 subsydzje oanfreegje foar ûnderhâld oan harren monumint. Foar dizze Subsydzjeregeling Monuminten (SUMO) kinne eigeners by de provinsje terjochte. Fan ‘t jier is yn mei-inoar 2,7 miljoen euro oan Ryks – en provinsjaal jild beskikber.

It subsydzje kin brûkt wurde foar ûnder oare restauraasje en werbestimming fan Ryks- en gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen. Ek it ûnderhâld fan monumintale mûnen en plankosten falle ûnder de regeling. Foar wenhuzen is it subsydzje net fan tapassing.

Deputearre erfgoed Klaas Fokkinga hopet dat ek fan ‘t jier de regeling wer goed brûkt wurde sil. “Wy moatte sunich wêze op ús prachtige erfgoed, want dat heart by it ‘Ferhaal fan Fryslân’. Goed ûnderhâld is dêrby krúsjaal. Mar fakkundich ûnderhâld is ek kostber en krekt dêrom is it subsydzje sa wichtich.”

Ferline jier kamen 35 Fryske monuminten yn oanmerking foar subsydzje op harren opknapbeurt. Doe krige ien fan de fjouwer teehúskes tsjin it Noarderbolwurk yn Frjentsjer subsydzje foar de restauraasje fan it dak. Yn ‘e earste helte fan ‘e 17de iuw lieten de professoaren siertunen mei simmerkoepels oanlizze. Fierders hiene yn de stêd allinnich de stinzen in koepel yn de tún. Pas nei 1734 mochten ek yn de tunen fan huzen koepels boud wurde. Mear ynformaasje

Mear ynformaasje

De subsydzjeregeling foar 2023 is fan woansdei 3 maaie ôf te finen op: www.fryslan.frl/monumenten. In oanfraach yntsjinje kin fan 18 oant en mei 22 septimber 2023.