Categorieën
Cultuur Geschiedenis Politiek

LIUWE VAN DER MEER: MOERDIJK

Moerdijk moat ferdwine! It waard breed útmetten op’e tillevyzje, der wenje noch in 1100 minsken. Nee, it is net faak yn it nijs, Moerdijk. Der waard juster ek net oan referearre, mar Moerdijk hat earder yn it nijs west, yn 1711. Dat learden wy eartiids by it stampen fan’e jiertallen: 1711: Johan Willem Friso verdrinkt bij Moerdijk.

Ja, dat wie wat, yn 1711. Us Fryske stedhâlder, berne yn 1687, sûnt twa jier troud mei Maria-Louise van Hessen-Kassel, en al in pear jier as generaal aktyf yn’e Spaanske Súksessy-oarloch, reizge mei de koets út Frankryk wei nei Den Haach om dêr te ûnderhandeljen mei de kening fan Prusen oer it erfskip fan kening-stedhâlder Willem III. By it Brabantske Moerdijk moast de koets oer it Hollânsk Djip nei Súd-Hollân en dêr gong it op 14 july 1711 mis. It waar wie minder wurden, it waaide en it reinde. Gjin pretje yn sa’n kâlde koets.

De koets fan’e prins waard op in platte skûte riden en by de oertocht bleaunen de prins en syn keamerhear Onno Boldewijn dy Tour yn’e koets sitten, it wie begûn te reinen en sa sieten se droech. De oaren fan it selskip bleaune gewoan bûten de koets stean of sitten, dat wie mar krekt wa’t in plakje fine koe. De platte skûte stiek oer nei de oare kant, se moasten nei Strijensas op’e Hollânske kust, mar flak foar dy kust krige de wyn fet op it seil, de skûte gong skean en ferfolgens rekken koets en ynsittenden yn it wetter. Sa as gewoan wie yn dy tiid koene de minsken net swemme, de prins hie ek nochris in boarstkuras oan en ja, hy en syn keamerhear ferdronken beide. In wike nei it drama waard it lyk fan’e prins fûn, flakby Strijensas, driuwkeljend yn’e reiden, sa’t der skreaun waard. Syn frou wie in pear moanne swier en as sy gjin soan krigen hie, hiene wy no Willem-Alexander net hân.

Dit boek telt 96 pagina’s en kwam uit in 2008. De schrijver is mr. Bernard Buma (1932-2020), voormalig burgemeester van Sneek.

De prins waard op 25 febrewaris 1712 mei alle staasje bysetten yn’e boppegrûnske grêfromte fan’e Grutte Tsjerke yn Ljouwert en dêr hat er stien oant 16 augustus 1795, doe’t yn it kader fan Gelijkheid, Vrijheid en Broederschap in woeste kliber folk de grêfromten iepenbruts en de kisten mei de liken fan’e Fryske stedhâlders fernielde en de liken kapot trape; ja, Cambuersupporters hawwe it net fan in frjemd, soe’k hast sizze wolle..Mar fansels is ús doe wol in toeristyske “trekpleister” fan komsa ôfnommen, dat mei dúdlik wêze.

Ja, de namme Moerdijk ropt by my wer fanalles op! Oft it foar de Moerdijkers fan no goed ôfrint? Ik wit net, ik wit net, ik haw myn twifels.