Categorieën
Poëzie

IK DIE NET MEI

Ik die net mei oan ‘t bliid formeits fen oaren,
My hie de freugd de heechste wearde net.
Ho ‘n ûnrjocht ha ik dien oan ‘t jonge hert,
Om d’ utering fen de libbensnocht to smoaren.

Ik koe nearne net de rjuchte frede fine,
It dreammen-folle hert wier net foldien.
It hie de sang fen blide jeugd forstien…
En ‘t lijde, al liet it net syn leedzje skine.

In stille langstme bleau it jimmer by,
De wjerklank fen de swiete melodij,
Fen ljeafdeliet dat oaren ienkear songen…

Gjin wearstân joech it langer oan dy twang…
It grypte ‘t spylark, long’rjend nei de sang…
Mar klage lâd – de snaren wienen sprongen…

Gerben Rypma (1878-1963)