Troch provinsje Fryslân
Friezen binne it meast grutsk op harren provinsje fan alle Nederlanners. Dat docht bliken út de Fryske ImagoMonitor, in ûndersyk útfierd yn opdracht fan de Provinsje Fryslân. It doel fan dit ûndersyk is om better te begripen hoe’t Friezen en net-Friezen de provinsje sjogge, en dy ynformaasje te brûken om it imago fan Fryslân te fersterkjen. De kommende twa jier wurde noch fiif ûndersiken útfierd. In wichtige konklúzje fan dat earste ûndersyk is dat Fryslân in sterker ekonomysk profyl nedich hat. Dit is krúsjaal om talinten en ynvestearders oan te lûken foar in duorsume takomst fan Fryslân. Fia ferskate inisjativen wurkje wy yn Fryslân al folop gear om it byld fan Fryslân te fersterkjen. Mei de útkomsten fan dit ûndersyk kin provinsje Fryslân mei har partners rjochte ferfolchstappen sette.
Yn it ûndersyksrapport* steane de útkomsten fan it ûndersyk wiidweidich omskreaun. De resultaten litte sjen dat Fryslân oer it algemien goed skoart. Ynwenners jouwe de provinsje gemiddeld in 8 en 75% is tige posityf. Tradisjonele skaaimerken as wetter, grien, lânbou en nochter wurde werkend en wurdearre. It sterke byld fan ‘rêst en romte’ hat as kearside dat Fryslân ekonomysk minder oantreklik liket, benammen foar net-Friezen. Sy sjogge Fryslân as in minder oantreklike regio om te wenjen, wurkjen, studearjen of ûndernimmen. Ynnovative en high-tech aspekten wurde noch net goed genôch assosjearre mei Fryslân, eat dêr’t de kommende jierren oan wurke wurde moat.
Wurk oan de winkel!
Fryslân moat har oantreklikheid op it mêd fan wenjen, wurkjen, studearjen en ûndernimmen better promoatsje, benammen nei jongerein en net-Friezen. It (tige) positive byld dat ús eigen ynwenners fan Fryslân hawwe, wol de Provinsje oerbringe nei de minsken bûten Fryslân. Mei it InnovatiePact Fryslân, WRK.frl, Merk Fryslân en de Merkpositionering Fryslân beskikt de Provinsje oer in tal prima inisjativen om it byld fan Fryslân as oantreklike regio te fersterkjen. Mei de merkposisjonearring fan Fryslân wol de Provinsje dêryn rjochte stappen sette yn nauwe gearwurking mei har partners.
De Provinsje Fryslân ropt ûndernimmers, ynvestearders, partners, jongeren en oaren op om mei te dwaan oan dy inisjativen en Fryslân as oantreklike regio sterker del te setten.
Fryske ImagoMonitor
Dizze earste mjitting fan de ImagoMonitor foarmet it fertrekpunt foar de fierdere ferbettering fan it imago fan Fryslân. Der is sjoen nei hoe’t Friezen en net-Friezen de provinsje sjogge, en nei spesifike doelgroepen lykas bedriuwen en talinten. Yn takomstige ûndersiken komme tema’s as rekreaasje & toerisme, kultuer & meartaligens, ekonomy & ûnderwiis en Fryslân as regio/oerheidsorgaan oan bar. De folgjende mjitting fan dit ûndersyk folget oer twa jier. Alle ûndersiken biede weardefolle ynsichten wêrmei ’t de provinsje har strategy fierder ferfine kin om Fryslân oantrekliker te meitsjen foar in breder publyk.