Categorieën
Geschiedenis

FLEANE (1)

Op 17 desimber 1903 fleach Orville Wright as earste minske yn in fleanmasine swierder as lucht en oandreaun troch in mei syn broer makke motor fan 12 PK, like folle as hjoedtedei yn in gersmeaner sit. Omdat de bruorren ek it meitsjen fan foto’s op glêsplaten as leafhabbery hiene, hawwe se tusken 1899 en 1908 in protte fan harren proeven op foto fêstlein.

Op dy winerige dei fan’e 17 desimber hiene se tost wa’t de earste flucht meitsje soe en de eare foel ta oan Orville. Yn swart pak en mei de pet op lei er yn it fleantúch. Op it wide strân fan Kitty Hawk waaide it fûl dy deis. It fleintúch hie gjin tsjillen, it lei op in soarte fan ûnderstel mei tsjiltsjes en it gehiel lei op in tritich meter lange rail, dy lêste koene se tsjin de wyn yndraaie. Om it fleantúch net op syn kant falle te litten sieten ûnder de úteinen fan’e fleugels houten bankjes, oan elke kant ien. En doe’t Orville oan syn broer it sein jûn hie fan “Los!” draafde Wilbur njonken it foarútgliidzjende fleantúch mei, oant it momint dat it fleantúch ek ècht loskaam. Op dat stuit drukte in befreone buorman dy’t faak meigie, op de sluter fan’e kamera: fan dy earste flucht hawwe wy dus in foto! Wilbur sjocht de masine nei en jo sjogge ek noch it rjochter krukje wêr’t de masine op rêsten hie.

It fleanmasien stiet wêr oan ‘e groun.

It tastel kaam net fier: 36 meter. Mar se lutsen de masine wer nei it begjin fan’e rail en no mocht Wilbur it besykje, dy flucht gie al wat fierder. Nei in fjirde flucht fan wol 350 meter krige de wyn fet op it tastel, it sloech fûl tsjin de grûn en rekke oan’e foarkant beskadige. Se hawwe noait wer mei it tastel flein, se bouwden in nijenien en it earste tastel bewarren se. It hinget hjoedtedei yn it Smithsonian yn Washington DC.

Publyk genoch.

Fansels hearde men yn Europa ek wol fan’e fluchten fan’e bruorren Wright, mar in protte minsken leauden neat fan’e ferhalen, oant se yn 1908 nei Europa kamen en dêr alle hjir wenjende pioniers de eagen útstutsen op in fleanfeest by Reims yn Frankryk: se koene wol oardel oere yn’e loft bliuwe!

Grif hat dy doktersoan út Weidum der oer lêzen, Hanso Schotanus à Sterringa Idzerda, berne yn 1885 yn Weidum. Hy krige ferkearing mei in dochter fan’e dûmny yn Mantgum en fan har heit krige er tastimming om yn it koetshûs in model fan in fleanmasine te meitsjen, fan bamboestokjes en linnen. Yn’e hjerst fan 1908 moat er der oan begûn wêze, hy sil syn inspiraasje wol opdien hawwe út tiidskriften wêr’t foto’s yn stiene fan de gekke ûntwerpen wêrmei men yn dy tiid besocht te fleanen. Let wol: yn Nederlân hie doe noch nimmen flein.

Der is in foto bewarre fan dit fleantúch mei Hanso derby, yn it koetshûs. Fan’e oandriuwing witte wy neat. Lytse motorkes wiene der noch net en in stoommasine wie te swier. De ienige mooglikheid moat west hawwe in lang stik elastyk dat mei in propellor ferbûn wie en datst opdraaie kinst: dan komt der aardich wat enerzjy frij!

En sa belibbe Hanso op 14 jannewaris 1909 syn eigen Wright-momint. Op dy dei gong er mei dat grutte model de Mantgumer buorren út nei in stik lân bûten de kom. Yn it doarp wie der al oer praten, der wiene hiel wat jonges en manlju dy’t dizze proef ek wol graach sjen woene. Se sille mei him mei rûn wêze. Immen hie in kamera meinommen, grif ien út’e famylje fan’e dûmny of fan’e dokter, dy koe in kamera wol betelje. Op it momint dat Hanso it tastel loslit, hat de fotograaf ôfdrukt. Op’e twadde foto sjochts noch Hanso syn hannen en omdat de fotograaf fanút in oar perspektyf de foto makke hat, krij ik de yndruk dat der twa fotografen wiene. Mar noch grutter is de kâns dat Hanso it tastel in pear kear de loft yn stjoerd hat, want it publyk op beide foto’s sjocht der net gelyk út. Dat der ek immen al langút yn it gers lizzen gien is en dus de flucht net sjocht, wiist ek yn dy rjochting. Dat moat in kâld spultsje west hawwe, want it wie jannewaris..

It model moat dy deis stikken gien wêze by de landing, fertelde âld-postkantoarhâlder Bosch yn 1969 oan in journalist, hy hie derby west. Mar hoe’t it tastel oandreaun west hie, wist er net mear. Ik hâld it op elastyk: op’e foto is it fleantúch net goed te sjen, mar de dikke streep moat hast wol in stik elastyk west hawwe.

In heal jier nei de proef fan Hanso fleach op 23 july 1909 Louis Blériot mei syn fleanmasine oer it Kanaal tusken Frankryk en Dover, Hanso hat him oan it grutte wurk noait weage, hy waard yn 1913 ingenieur elektrotechnyk yn Dútslân en hy fersoarge op 6 novimber 1919 yn Den Haach de allerearste radio-útstjoering yn Nederlân. Tafallich wól it jier fan’e Eerste Luchtvaart Tentoonstelling Amsterdam op in stik lân yn Amsterdam-Noard, wêr’t 500.000 minsken op ôf kamen en dy’t de oanlieding wie fan’e oprjochting fan’e KLM yn itselde jier. Hanso hat grif ek op’e ELTA west..

(Mei tank oan buorman Goedhart dy’t my de foto’s fan Hanso’s trochstoerde, hy hie se krigen út it besit fan’e neiteam fan Hanso.)

© Liuwe van der Meer