Categorieën
Poëzie

EARMOED

Dit binne de dagen fan it tekoart,
de oan it krús spikere oeren sûnder útlis.
Elke om ljocht freegjende nacht wurdt
folge fan in noch donkerder tsjusternis,
as mei net wêze, en moat ferwylgje
wat libbet út langst, út azem bestiet.
Lytser as in krobbe is de minske
dy’t stien is, en wyn, en iensum liet.

Jou my nachten op in berch fertrouwen
dat do en ik yn it teken bestean
fan nije fragen – dat, wat ljocht is,
noch ljochter wurdt yn ‘t tegearre gean
en sis it tekoart, krûpend nei it krús
oer de modderpaden fan ferjitten:
myn leafste, myn leafste, do hast
dyn rykdom inkeld dyn earmoed litten.

Abe de Vries
Ut: Abe de Vries. Brek dyn klank, side 57. Gerben Rypma Stifting, Blauhûs 2015.