Categorieën
Commentaar Cultuur Fryslân Taal

Abe de Vries: Wêrom bliuwt de Provinsje dôf en Tresoar blyn?

Asinus ad lapidem non bis offendit eundem, seit it sprekwurd. Trije jier lyn hiene Koos Tiemersma en ik sei de gek in tsjin-better-witten-yn-petear mei deputearre Poepjes oer de advisearring by de Gysbert Japicxpriis.

Wy wiisden derop dat yn literêre ‘sjuerys’ literêre spesjalisten hearre te sitten, en dêrneist dat it oansykjen fan sjueryleden troch Tresoar (mei advys fan de Fryske Akademy) dat ynstitút in ûnwinsklik grutte ynfloed jaan kin op de kar fan de priiswinner.

Us advys oan de deputearre wie om in grutte ‘Gysbertrie’ yn it libben te roppen fan in m/f as tweintich om oer de priiswinner te kedizen. Sa’n rie soe yn in langere perioade funksjonearje kinne en soe de mooglikheden fan besteande ynstituten en ynstellingen om it priisproses te stjoeren ôfdwaande tsjingean.

Om har movearjende redenen hat Poepjes ús útstel net oernaam. Mar der kaam wol in wiziging yn de regleminten fan de Gysbert Japicxpriis. Twa fan de trije advyskommisjeleden soene lykas altyd oansocht wurde troch Tresoar/FA, en de tredde beneaming soe no fia in ‘foardracht út it fjild’ ta stân komme (as hearre Tresoar/FA net ta ‘it fjild’, mar goed).

Yn 2022 gie it al dalik mis. Der wie gjin ‘foardracht út it fjild’ ynkaam, berjochte de Provinsje, dat de hiele sjuery kaam lykas altyd wer út de koker fan de ynstituten. Okkerdeis waard bekend dat ek foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025 gjin eksterne foardracht ynkaam is. De leden (Johanneke Liemburg, Sytse Jansma en Ytsje Hoekstra) binne dus alle trije gewoan wer oansocht troch Tresoar/FA.

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/09/werom-bliuwt-de-provinsje-dof-en.html