Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân en it Ryk sette in wichtige stap rjochting in mienskiplike Fryske Enerzjydeal. By in petear tusken minister Hermans, deputearre Knol en wethâlders Stellingwerf (Ljouwert) en Van Opzeeland (Opsterlân) is ôfpraat om de kommende moannen te ferkennen hoe’t sa’n enerzjydeal derút sjen kin. Dêrmei hat de minister in dúdlike tasizzing dien om tegearre mei de provinsje te ûndersykjen hokker ôfspraken nedich binne om de enerzjytransysje earlik en takomstbestindich foarm te jaan.
De provinsje Fryslân ûnderskriuwt it nasjonale belang fan de enerzjytransysje. Grutte ryksprojekten – lykas gaswinning, it Programma Aanlanding Wind op Zee (PAWOZ), de 380 kV-ferbining en de wetterstofbackbone – hawwe lykwols in flinke romtlike en maatskiplike ympakt op Fryslân, wylst de baten earne oars yn it lân telâne komme.
De provinsje is ree om dêryn ferantwurdlikheid te nimmen, mar allinnich yn in lykweardige gearwurking mei it Ryk. “Lânskiplik en maatskiplik nimme wy hjir as provinsje ús ferantwurdlikheid. Mar dat wurket twa kanten op”, seit deputearre Sijbe Knol. “De provinsje wol bydrage oan it realisearjen fan nasjonale doelen foar klimaat en enerzjy, mar wy wolle dan wol dat it Ryk ek ynvestearret yn de regio dy ’t dizze opjefte draacht.”
In Fryske Enerzjydeal moat dêrom in robúste, mearjierrige ôfspraak wurde, wêryn’t helder is hoe’t lusten en lêsten ferdield wurde en hoe’t it Ryk ynvestearret yn it regionale fûnemint dat al dy ûntwikkelingen mooglik makket.
Ofspraak mei ministearje
De konkrete ôfspraak mei it ministearje is dat wy op syk gean om (subsydzje)regelingen passend te meitsjen, antwurden te sykjen op knyppunten yn de enerzjy-ynfrastruktuer en dêr wêr mooglik pilots te draaien. Op dit stuit binne de regelingen benammen makke foar massa en de grutste ympakt. “Urginsje sit net altyd yn grutte. Regionale en lokale problematyk binne ek urgint. Dat moat passend makke wurde op ús skaal”, seit Knol. “We ha foarbylden genôch, tink oan Hallum, Betterwird, mar ek de grutte potinsje fan wetterwaarmte yn ús provinsje. Dêr hawwe wy it Ryk by nedich.”