Categorieën
Cultuur Fryslân Geschiedenis

TSJERKEN AS MAUSOLEA FOAR DE FRYSKE HEGEREIN

Troch Hessel de Walle

Fryslân telt tusken de muorren fan ’e âlde tsjerken mear as 150 grêfkelders. It wienen de rûmten dêr’t de Fryske eallju en patrisiërs yn in perioade fan in 250 jier mear as 1300 ferstoarne famyljeleden bysette lieten.

Tegearre mei de pracht fan ’e roubuorden, hearebanken en bysûndere grêfsarken wisten se sa in protte doarpstsjerken te feroarjen yn persoanlike mausolea.

In wiidweidich en djipgeand ûndersyk nei al dy kelders hat al in protte ynformaasje oplevere. Sokke kelders ha de ôfrûne jierren gauris yn it nijs west. Alle ynformaasje sil sa’t it no stiet takom jier yn boekfoarm ferskine.

Bonken en in skedel yn in grêfkelder fan in tsjerke yn Wolvegea. © Hessel de Walle

We binne lykwols noch altiten op syk nei mear ynformaasje. Sa is der al spul tefoarskyn kommen út partikuliere of pleatselike boarnen. Mar mooglik misse we noch saken.

Kontakt fia: hesseldewalle@gmail.com