Troch Tresoar
Tresoar siket fiif talintfolle, begjinnende Fryske skriuwers mei in ambisjeus plan foar in modern en orizjineel literêr proazawurk yn it Frysk! Mei begelieding en finansjele middels biedt Tresoar dizze skriuwers de mooglikheid om harren plan yn in pear jier út te bouwen ta in Fryske roman. Mei as doel om hjir in bestseller fan te meitsjen, dy’t ferskynt yn in nije Frysk literêre rige: de Gielegou Rige.
In nije ympuls foar de Fryske literatuer
De Fryske taal hat in rike literêre tradysje mei in sterk literêr netwurk dat wichtich is foar it fuortbestean fan de taal. Dochs fergrizet de groep proazaskriuwers en nimt de produksje ôf. Boppedat is it foar Fryske literatuer faak lestich om in breed lêzerspublyk te finen. Tresoar wol besykje it bredere publyk te finen troch talintfolle skriuwers te fasilitearjen en in jongere groep lêzers foar Frysktalige literatuer te ynteressearjen. Hjirmei set Tresoar yn op de fersterking fan it Frysk literêre fjild, fan skriuwer oant lêzer.

De Gielegou Rige
De boeken dy’t binnen dit projekt skreaun wurde, sille ferskine yn in nije Frysk literêre rige: de Gielegou Rige. De gielegou (wielewaal; goudlijster) is in seldsume sangfûgel mei in bysûnder lûd. De namme gielegou ferwiist nei it goudgiel yn it fearrekleed, mar is ek in onomatopee foar it lûd en de melody dy’t de fûgel produsearret: sy sjongt har eigen namme. Dy skaaimerken passe by it talint dat Tresoar foar dit projekt siket: skriuwers mei in eigen stim en persoanlike styl.
Iepen oprop
Fan hjoed ôf kinne debutanten en begjinnende auteurs harren oanmelde foar dizze nije skriuwersbeurs. Alle ynformaasje (oer û.o. betingsten) is te finen op de webside fan Tresoar. De skriuwers – dy’t troch in ûnôfhinklike kommisje fan saakkundigen beoardiele wurde – sille begjin novimber by in feestlike literêre byienkomst yn de Fryske Boekewike bekend makke wurde. Dêrnei wurkje sy foar de doer fan it projekt (2027-2029) oan harren boek. Tresoar stribbet dernei om de earste boeken yn de Gielegou Rige yn 2029 te presintearjen.
Yn de Gielegou Rige wurket Tresoar gear mei dielnimmende útjouwers. Tresoar is pinfierder fan it projekt en belûkt oare organisaasjes by de útfiering. Provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds hawwe it projekt finansjeel mooglik makke.