Troch provinsje Fryslân
Op 9 maaie waard de akwatermy-ynstallaasje (waarmte út wetter) yn de haven fan Flylân offisjeel iepene op de havenkade. De ynstallaasje sil it havengebou, in tichteby lizzende wenning en mooglik sels bedriuwspannen op it neistlizzende bedriuweterrein foarsjen fan waarm wetter yn it heech- en leechseizoen. De oanlis is mei mooglik makke troch in subsydzje fan Interreg North West Europe en mei stipe fan de provinsje Fryslân yn it AquaCOM-projekt.
Stichting Aanloophaven Vlieland is grutsk eigner fan de wurkjende ynstallaasje. It hat in pear jier duorre, mar it resultaat mei der wêze, neffens ponghâlder fan de stichting, Jeroen Buis: “Op Flylân litte wy sjen dat wy lokaal fernijbere enerzjy opwekke kinne en dy ek lokaal brûke kinne. Op in wize dy’t sawol betelber as ûnôfhinklik wêze kin, as foarbyld foar de regio en dêrbûten.” Mei trije waarmtewikselers dy’t yn de haven hingje en dêr waarmte út helje, plus fjouwer opslagtanks en sinnepanielen op it dak, wekt de ynstallaasje genôch waarmte en elektrisiteit op om elkenien yn it heechseizoen fan in waarme dûs te foarsjen.
It enerzjysysteem wurdt datadreaun oanstjoerd en kin himsels ferbetterje om de algemiene prestaasjes te ferheegjen. Dat docht it systeem op basis fan ferskate datasets, ûnder oare waarfoarsizzingen, de elektrisiteitsmerk, it tal boaten yn de haven en de ferwachte oanrin.

Foarbyldfunksje
De ynstallaasje is in wichtich foarbyld foar oare inisjativen, net allinnich op it mêd fan gasleas ferwaarmjen, mar ek foar it ferlichtsjen fan lokale netkrapte troch it enerzjysysteem datagedreaun te behearen. It is dan ek wichtich om it foarbyld fan Flylân fierder út te rollen. Dat is de rol fan de provinsje Fryslân neffens deputearre Knol: “Nei in pear tebeksetters moatte wy ek de suksessen sjen litte. Lit Flylân in foarbyld foar oaren wêze.” Mei help fan programma’s lykas Interreg is it mooglik om foarbyldprojekten te ûntwikkeljen dy’t in positive beweging yn gong sette.

AquaCOM
AquaCOM is in Europeesk projekt dêr’t 9 partners út ferskate lannen yn Noardwest-Europa oan meidwaan, ûnder oare de provinsje Fryslân en Stichting Aanloophaven Vlieland. It projekt rjochtet him op de yntroduksje fan lytsskalige aquathermysystemen troch lokale enerzjy-mienskippen. It resultaat is in hânlieding foar lokale inisjativen dêr’t it bestjoersmodel, finansjeel model en de technyske aspekten yn taljochte wurde. Dêrneist wurde yn de rin fan AquaCOM ferskate trainingen en aktiviteiten organisearre, sadat lokale inisjativen en oerheden genôch tarist binne om te wurkjen oan lokale aquathermysystemen.