Categorieën
Energie Fryslân Súdwest Water

1,2 miljoen foar gâns ûnthjit projekt Blue Energy

(tekst: persbericht provinsje Fryslân)

Deputearre Steaten stellen goed 1,2 miljoen euro beskikber foar it opskalen fan it ynnovative Blue Energy projekt op de Ofslútdyk. Mei it jild wurdt de besteande pilot op de Ofslútdyk opwurdearre nei in 16,5 kW Blue Energy-ynstallaasje. Dêrneist wurdt it jild brûkt foar de ûntwikkeling fan in ekologysk ferantwurde wetterynname en wetterfoarbehanneling. Earder dit jier hat it Waadfûns it projekt posityf beoardiele en is in IKW-Waadfûnssubsydzje fan hast 5 miljoen euro takend.

It pilotprojekt Blue Energy is fêstige op de Fryske kant fan de Ofslútdyk. Hjir bouden de inisjatyfnimmers (REDstack, Deltares en NIOZ) yn 2014 in lytse proefynstallaasje foar it opwekken fan ‘ blauwe ’ stroom. Ferskate partijen, wêrûnder de provinsje en it IKW, hawwe it projekt fan it begjin ôf stipe. De positive útkomsten fan dizze technyk dy ‘t gâns ûnthjit, binne no de basis foar fierdere finansiering. By de technyk fan Blue Energy wurde swietwetter en sâltwater brûkt om enerzjy op te wekken. Zoet-en zoutwater wurde skieden troch in membraan dat op basis fan ioneútwikseling duorsume elektrisiteit opwekt. Grut foardiel is dat dizze unike technyk, yn tsjinstelling ta sinne – en wynenerzjy, 24 oeren deis sân dagen yn ‘e wike enerzjy opwekket. Dêrmei is it in prachtige oanfolling op de duorsume enerzjymiks yn de hjoeddeiske enerzjytransysje.

Kofinansiering

Yntusken hat de pilot in skat oan ynformaasje opsmiten, is de technyk ferbettere en is it projekt ta oan de folgjende faze. Hjirfoar hawwe de inisjatyfnimmers, yn nauwe gearwurking mei it IKW, in nij plan makke en in subsydzje-oanfraach yntsjinne foar ferfolchsubsydzje. Nei de positive tasizzing foar de ferfolchsubsydzje, fan it Investeringskader Waddengebied en it Waadfûns earder dit jier, draacht de provinsje no dus ek finansjeel by. Mei de bou fan de gruttere ynstallaasje wolle de inisjatyfnimmers oantoane dat it technysk en ekonomysk helber is om op in ferantwurde wize duorsume enerzjy te winnen yn in kwetsber natuergebiet lykas de Waadsee.

Opskaling

De gruttere ferzje fan de Blue Energy-ynstallaasje giet alle jierren 132.000 kWh produsearje en is dêrmei goed foar in jierlikse reduksje fan goed 19,8 ton CO 2 – útstjit. By in trochsneed elektrisiteitsferbrûk de wenning kinne, mei dizze opbringst, goed 40 wenningen jierliks fan duorsume ‘ blauwe stroom ’ foarsjoen wurde.