Troch provinsje Fryslân
Provinsje Fryslân hat, yn gearwurking mei Hogeschool Van Hall Larenstein, mei sukses in Horizon EU-subsydzje foar it projekt Soilcrates oanfrege. Koartlyn hawwe alle oanbelangjende partners de gearwurkingsoerienkomst tekene, wêrtroch’t no €12 miljoen foar de útfiering fan it projekt beskikber komt. It inisjatyf hat as doel om diel te nimmen oan de EU Mission on Soil foar sûne lânbougrûn en is rjochte op it opsetten fan in Living Lab yn ûnder oare Noard-Nederlân. Dy regio sil yn de kommende fjouwer jier tsjinje as eksperimintearromte dêr’t kennis opboud en dield wurdt op regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo.
Op dit stuit is sa’n 60-70% fan de grûn yn de Europeeske Uny skansearre as gefolch fan net-duorsum lângebrûk en fersmoarging. It Soilcrates-consortium, besteande út 21 partners út ferskate lannen en sektoaren, erkent it belang fan sûne grûn en wurket gear oan de doelen fan de EU-missy ‘A Soil Deal for Europe’. De ambysje fan Soilcrates is om fjouwer duorsume en dynamyske proeftunen (Living Labs) op te setten yn Nederlân, Frankryk, Ierlân en Spanje, mei as doel de sûnens en bioferskaat fan de grûn te monitoarjen, de grûnstruktuer en -sûnens te ferbetterjen en kennis oer de grûn yn de maatskippij te fergrutsjen.
Horizon-programma
Projekt Soilcrates is ûnderdiel fan it Europeeske Horizon-programma, dat him rjochtet op ûndersyk en ynnovaasje. De provinsje Fryslân is de leadpartner fan it projekt, mei Hogeschool Van Hall Larenstein as ynhâldlik partner. Ek binne de lanlike kennisynstituten Stichting Wetsus, Wageningen Universiteit en it Louis Bolk Instituut oanheakke by it projekt.
Foarbyld foar de EU
It yntsjinne projekt omfettet de trije noardlike provinsjes as ien Living Lab, wêryn’t in grut tal foarbylden, rjochte op sûne lânbougrûn opnommen is. Dêrmei wurde de provinsjes Fryslân, Drinte, Grinslân en Noard-Nederlânske kennisynstellings prominint op de kaart set foar kennisûntwikkeling en -útwikseling oer sûne lânbougrûn. De ferwachting is dat dat liede sil ta spin-off gearwurkingsprojekten op sawol Europeesk as lanlik nivo. Uteinlik sil it Living Lab diel útmeitsje fan hûndert Living Labs binnen de EU Soil Mission. Dat makket Noard-Nederlân ta in foarbyld foar de EU en draacht posityf by oan de útstrieling fan Fryslân as provinsje mei ekspertize op it mêd fan lânbou.
Fan 7 o/m 9 oktober treffe alle partners inoar foar it earst yn de kick-off meeting yn Ljouwert.