Troch provinsje Fryslân
Sybrig Sytsma is op 12 novimber 2026 troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok beëdige as waarnimmend boargemaster fan Flylân. Sy folget tydlik Michiel Schrier op, dy’t op 7 desimber oansteande ynstallearre wurdt as boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf.
Frou Sytsma begjint op 7 desimber 2026 en bliuwt oan ta de beneaming fan in nije Kroanbeneamde boargemaster fan Flylân. Dy beneaming fynt nei alle gedachten yn de hjerst fan takom jier plak.
De kommissaris fan de Kening en de fertrouwenskommisje fan de Flylanner gemeenteried hawwe ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De fertrouwenskommisje hat oan de kommissaris winsken kenber meitsje kinnen wêr’t de waarnimmer oan hearde te foldwaan.
De ried sil no oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. De syktocht nei in nije boargemaster set útein neidat de ried de profylskets fêststeld hat. De waarnimmer sil, sa is yn oerlis mei de fertrouwens-kommisje en frou Sytsma ôfpraat, net ûnderdiel wêze fan de proseduere om te kommen ta in nije Kroanbeneamde boargemaster.
Frou Sytsma wie fan 2022 oant 25 juny fan dit jier wethâlder yn de gemeente Hearrenfean. Dêrfoar wie se ûnder oaren direksjelid fan de gemeente Weststellingwerf en fan Caparis. Earder wie se wurksum by de gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân en it COA.
Mei har beneaming as waarnimmend boargemaster fan Flylân docht frou Sytsma ôfstân fan har plak op de konsept kandidatenlist fan PRO Fryslân foar de Provinsjale Steateferkiezings fan takom jier.