Categorieën
Cultuur Fryslân Muziek Sneek

OANTINKEN OAN SJONGER EN MUSIKUS AERDE KUIPER (1938-2023)

Liuwe van der Meer skriuwt in musikale herinnering oer sjonger en musikus Aerde Kuiper, berne yn Snits op 29 maart 1938 en ferstoarn op 19 septimber 2023 yn Snits. WD

Justermoarn stie syn rouadfertinsje yn’e krante: Aerde Kuiper. En daliks wie ik wer yn’e jierren sechtich, santich en tachtich! Aerde Kuiper, Addy Legee, Piet Post, Femmy Schaaf, grutte nammen út dy jierren, by klassike konserten dûkten dy nammen faak op. En ek by konserten fan’e MPA stiene dizze nammen faak op’e biljetten. Ik siet as jonkje mei heit en mem yn’e Martini fan Boalsert al nei Aerde en Addy te harkjen as de Mattheus útfierd waard. It wiene destiids begrippen.

Mar mei Aerde Kuiper bin ik ek wer efkes op it gymnasium fan Snits! Us learaar Nederlânsk Anne Wadman organisearre regelmjittich skoalkonserten, yn’e aula, dêr ieten wy net allinne, dêr waard ek muzyk makke. Want ja, dêr stie de Bechstein! Dy wie fan’e gemeente Snits, mar hy stie by ús, it stedelik gymnasium. En as der yn it stedhûs of yn in oare seal wer in keamermuzykjûn organisearre waard, dan helle de gemeente de Bechstein op, op in iepen karre achter in auto, ik haw him ferskillende kearen sa by de skoalle lânsriden sjoen. Gekkewurk fansels, op in iepen karre in Bechstein ferride, mar der wie doe ek al net in protte benul foar sokke dingen by de gemeente Snits, se fûnen it gewoán.

Mar dy Bechstein wie poer geskikt om in sjonger mei te begelieden en sadwaande kaam earne yn 1969, 1970 Aerde Kuiper nei ús skoalle foar in lieteprogram. Ja, besykje dat hjoedtedei noch mar in kear foar pubers te organisearjen! Mar wy hiene gjin sosjale media, gjin tillefoan, gjin Instagram of TikTok, wy hiene allinne mar ús noch net bedoarne earen. Okee, Beatles en Rolling Stones wiene wakker aktyf en ek oar fermaak wie al yn it opkommen (De Witte Kat! Rinke!), mar Aerde koe oan ús syn repertoire wol kwyt. Us muzyklearares, frou Fronie van Dijk-Tadema fan’e Statsjonstrjitte wie in feardige begeliedster en sa hearden wy op dy middei in hiele trits Schubert en Schumann foarbij kommen en gjin wanklank yn it publyk! Ja, wy wiene ek traind, hin, mei Harry Sevenstern, Bastien et Bastienne, en de noch net bekende Roel Slofstra (1968!). En dat allegearre yn’e aula fan skoalle.

Fan dy middei is benammen “Die beiden Grenadiere” fan Schumann my bybleaun, Kuiper droech it byldzjend foar en ek frou Van Dijk wraksele har handich troch al dy noaten hinne. Neffens my hawwe se ek noch lieten út Die schöne Müllerin fan Schubert nei foaren brocht, mar ik bin der net mear wis fan, der sakket sa njonkenlytsen noch wolris wat wei yn myn grize sellen.

Hear ik myn frou praten oer de grutte fuif op it gymnasium, mei bandsjes en dûnsgroepen en sa, dan sjoch ik Aerde Kuiper wer foar my, yn Die beiden Grenadiere, ..“Dann steig ich gewaffnet hervor aus dem Grab, den Kaiser, den Kaiser zu schützen!“

Aerde hat ek mij mei foarme.

© Liuwe van der Meer