Noard-Nederlân is folop dwaande mei it takomstbestindich meitsjen fan de lânbou. Om sjen te litten wat der allegearre bart, kennis te dielen en fan inoar te learen, is de moanne juny útroppen ta temamoanne fan de natuerynklusive lânbou.
Sa is der op 16 juny in bustoer foar belanghawwenden en bestjoerders yn Grins nei de Midwolder Bouwten, ien fan de foarbyldprojekten yn de Regio Deal. Op 17 juny is der yn Penjum (Fryslân) in miny-sympoasium oangeande lânbou en op 18 juny in gearkomste ‘Over de vloer bij boer Johan’ yn Roden (Drinte).
Omslach needsaaklik
Mei it ûndertekenjen fan de Regio Deal Natuerynklusive Lânbou ein 2019 is 20 miljoen euro beskikber kaam. Doel is in lânbou dy’t topiten produsearret en bydraacht oan it bioferskaat, in sûne boaiem en in fariearre en (be)leefber plattelân. Dat út it besef wei dat in omslach needsaaklik is om de sektor op de lange termyn sûn, konkurrearjend en rendabel wêze te litten. Der wurdt pioniere yn Skiermûntseach, de Fryske Fean- en Klaaigreide, de Frysk-Grinslanner Kleischil, Veenkoloniën, Westerwolde, it Oldambt en it Drents Plateau.