Categorieën
Poëzie

IN MEMORIAM

Ik rop syn namme tsjin de simmersé,

syn leave namme rop ik tsjin de brekkers,

hy hat jim kend, o ivige skombekkers,

jow my biskie, skodkopje net fan né:

is hjir yn wetter, ljocht en wyngetwir

net in nei-ebjen fan syn stim biwarre?

dy hege skatterlaits, och mocht it barre

him wer to hearren, ienris klonk er hjir;

yn dizze weagen hat hy stoeid en geid,

de brânning kletsend tsjin de geve ribben,

hjir boarte er yn it brûs en like it libben

ien lange roes fan fleur en feestlikheit;

hjir groef er grêften, stie er strampeloer

to bouwen oan syn brêgen en kastielen,

en kaem de floed om alles sljocht to spielen,

hy joech it nei in fûl gefjocht pas oer;

sé, wie syn lûd dy net to goed om wei?

lit ienkear noch dy bernegjalpen beare…

mar’t is omdôch, dyn tijen meije keare,

syn tij keart net, syn mûle ist stom tonei.

Douwe Tamminga (1909-2002)