Categorieën
De Fryske Marren Financiën Fryslân Natuur en milieu Sociaal Súdwest

Goed € 11 miljoen LEADER-subsydzje nei Noardwest-, Súdwest- en Súdeast-Fryslân

(tekst: provinsje Fryslân)

Fia it Europeeske LEADER-programma jout de provinsje Fryslân in subsydzje fan € 11.209.052,- foar  projekten op it plattelân yn de gebieten nei Noardwest-Fryslân, Súdwest-Fryslân en Súdeast-Fryslân. Nei in trajekt wêrby’t alle gebieten harren ynskriuwe koene, binne der trije gebieten foar de perioade fan 2024-2027 as LEADER-gebieten oanwiisd. De subsydzje komt beskikber foar inisjativen dy’t har ûnder oare rjochtsje op it fuortsterkjen fan de plattelânsekonomy, it lânskip en sosjale koheezje.

LEADER (Liaison Entre Actions de Développement de l’Économie Rurale) is in Europeesk subsydzjeprogramma foar plattelânsûntjouwing. It doel fan LEADER is om ynwenners en organisaasjes yn plattelânsgebieten inoar moetsje te litten sadat der neitocht wurde kin oer de takomst fan harren eigen omkriten. Yn alle trije oanwiisde LEADER-gebieten is in Lokale Aksjegroep ferantwurdlik foar de útfiering fan it programma.

LEADER-programma

Alle gebieten hawwe mei in Lokale Untwikkelingsstrategy oanjûn hokker tema’s oft sy yn de kommende jierren sels wichtich fine en watfoar projekten se graach stimulearje wolle. Foar alle gebieten is in adviseur beskikber om potinsjele oanfregers te begelieden. Ferantwurdlik deputearre Wiersma: “Wy binne tige bliid dat dizze trije gebieten yn de kommende jierren ynfolling oan it LEADER-programma jaan sille.  Der lizze moaie kânsen om projekten út de mienskip te stimulearjen en it Fryske plattelân dêrmei in ympuls te jaan.”

Finansiering

Troch de EU wurdt € 5.604.526,- foar it LEADER-programma beskikber steld. Dat bedrach wurdt oanfolle troch € 1.120.906,- gemeentlik jild en € 4.483.620,- provinsjaal jild, sadat it folsleine bedrach op € 11.209.052,- útkomt. Ynwenners en organisaasjes út de neamde gebieten dy’t ideeën hawwe, kinne oanspraak meitsje op bydragen fan op syn minst € 50.000,-  oant maksimaal € 125.000,-. Betingst is dat it projekt bydraacht oan de doelen dy’t de gebieten sels formulearre hawwe yn in Lokale Untwikkelingsstrategy.

LEADER

Yn de jierren 2022-2027 kin LEADER-subsydzje oanfrege wurde. Oanfragen wurde twa kear  jiers beoardiele. De adviseurs fan Streekwurk binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/fy-nl/subsidieregelingen/leader/