Troch provinsje Fryslân
George Pars Graanhannel yn Sint Jabik hat – 3 july – it Predikaat Hofleveransier krigen. De direksje fan it 175 jier âlde bedriuw krige de Keninklike erkenning en it wapenskyld útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok, yn bywêzen fan boargemaster André van de Nadort fan de gemeente Waadhoeke en deputearre Eke Folkerts.
De skiednis fan it bedriuw giet werom oant 1850, doe’t Johannes Wiltjes Pars as nôthanneler op It Bilt úteinsette. Wat begûn mei de hannel yn granen, sied en fjildfruchten groeide yn 175 jier út ta in foaroprinnende ûndernimming yn it noarden. Yntusken stiet de sechsde generaasje oan it roer. It bedriuw sit noch altyd yn Sint Jabik en is aktyf yn de hannel yn granen, siedden, dongstoffen en gewaaks- beskermingsmiddels. Dêrneist leveret it bedriuw tyltadvys en wurket it oan ynnovative projekten op it mêd fan duorsume lânbou. Der wurkje 20 minsken.
George Pars Graanhandel heart by de grutste partikuliere nôthannelers fan ús lân foar ynlânske weet en nimt in foaroansteande posysje yn binnen de agraryske sektor yn Noard-Nederlân.
It Predikaat Hofleveransier foarmet in erkenning foar 175 jier ûndernimmerskip, fakmanskip en maatskiplike belutsenheid. Foar it Predikaat komme bedriuwen yn oanmerking dy’t hearre ta it midden – en lytsbedriuw. Yn harren brânsj moatte hja in foaroansteand plak ynnimme en in ûnberiblike reputaasje hawwe. It Predikaat wurdt ferliend troch Syn Majesteit de Kening.