Categorieën
Economie Fryslân Politiek Sociaal

Ekstra útjefte iepenbier ferfier troch hege brânstofkosten

Hegere brânstof- en enerzjykosten soargje derfoar dat de provinsje Fryslân oer 2021 2,2 miljoen euro ekstra kwyt is oan it bus- en treinferfier. De konsesjes mei de ferfierders foarsjogge der neffens lanlike rigeljouwing yn dat by sokke priisstigingen de tsjinstregeling yn stân bliuwt en dat de provinsje as konsesjeferlinger de ekstra kosten draacht. Deputearre Steaten melde dy tsjinfaller hjoed oan Provinsjale Steaten.

Oan it berikber hâlden fan doarpen en steden mei it iepenbier ferfier wie de provinsje yn 2021 al 52 miljoen euro kwyt. Yn de provinsjale boekhâlding wie rekken hâlden mei in eventuele tsjinfaller fan 1,4 miljoen euro. No’t dit bedrach heger útpakt, is der noch 800.000 euro út de provinsjale reserve nedich. Ek oer 2022 is sa’n tsjinfaller te ferwachtsjen, al hinget dit fan de ûntwikkelingen dit jier ôf.

De ekstra bydrage is opnommen yn in ynventarisaasje fan de gefolgen fan de Oekraïneoarloch foar de provinsjale aktiviteiten. Foar de oarloch giene prizen fan brânstof, enerzjy en grûnstoffen ek al omheech. De kosten foar it iepenbier ferfier meitsje dit dúdlik. It konflikt yn East-Europa hat dat effekt fersterke.

By de ynventarisaasje is sjoen wat de priisstigings fan it ôfrûne jier foar gefolgen hawwe foar de sechstich resultaten út it Bestjoersakkoart fan de provinsje. Op dit stuit hat dit foar de helte fan de beliedsfoarnimmens gjin gefolgen. Foar fiif resultaten binne der effekten te sjen. Foar de rest binne dy te ferwachtsjen.

Bouprojekten

De gefolgen sille benammen optrede by bou- en ûnderhâldsprojekten. Oannimmers warskôgje foar kostestigingen. De kommende wiken ferwachtet de provinsje hjir mear dúdlikheid oer te krijen. It is gjin automatisme dat omheechgeande prizen liede ta ekstra útjeften fan de provinsje. It temporisearjen fan projekten kin ek in kar wêze.

Oant de no al konkrete gefolgen foar de provinsjale resultaten hearre neist de ekstra bydrage foar it iepenbier ferfier it stimulearjen fan skjinne enerzjyopwekking troch partikulieren, it earder opleverjen fan in digitaal loket hjirfoa, it stimulearjen om nije eksportmerken te finen en it neigean oft it realisearjen fan fleksibele húsfêsting ek foar Oekraynske flechtlingen mooglik is.

Húsfêsting

Der is ek sjoen nei de gefolgen foar aktiviteiten dy’t net yn it Bestjoersakkoart steane. De provinsje hat gebouwen dy’t se net brûkt oanbean oan gemeenten om Oekraïners te húsfestjen. Se is ekstra alert op de cyberfeiligens fan har systemen.