Categorieën
Fryslân Geschiedenis Politiek Sociaal

EKSKUZES?

Us regear hat har ekskuzes makke foar it slavernijverleden, sa’t it sa moai neamd wurdt. Blykber binne wy noch altiten ferantwurdlik foar wat ús wite foarfaars yn’e 17de en 18de iuw útheefd hawwe en fiele de neikommelingen fan de slaven fan doe noch altiten de pine dy’t harren doe oandien is, sa om ende bij nei acht generaasjes. Wy prate ek net mear oer slaven, mar oer “slaafgemaakten”, dat jout dúdlik oan wa’t de skuld hawwe foar dat “slavernijverleden” en dat de slaven der neat oan dwaan koene.

Ik wit earlik net wat ik hjir fan fine moat. Wurde trauma’s trochjûn oan’e neiteam? En wat docht men dan mei sa’n trauma? Ik wit it net. Jild hawwe wolle, skeafergoeding? Erkenning?

Spitkeet op ‘e romte.

En sa kaam ik bysletten foto’s tsjin, sommige binne noch út’e tritiger jierren fan’e 20ste iuw. Ja, de tritiger jierren! Frou Hof by ús yn’e buorren kaam fan Jobbegea en fertelde my in kear dat har mem mei in tsjetteltsje kalkwetter by de seadden delgliidzje liet, tsjin it ûngedierte. Dan witst wol hoe’t dêr wenne waard, sûnder skjin wetter en in húske.

Frou Hof wie in fleurige frou, mar wat der binnen yn har smeulde wit ik fansels net. De tastannen op’e foto’s wiene algemien bekend, De Prins en Het Leven skreaune der moaie reportaazjes oer, “Het leven in de Turf “ en sa, “Aan de rand van de beschaving”, mei skerpe foto’s en dit wie net yn Suriname, mar yn’e Harkema, de Westereen, de omkriten fan Jobbegea, Drinthe.

Dizze omstandichheden wiene in pear iuwen âld, it gewoane folk moast him meastentiids mar wat rêde, dêr, yn it fean. Wiene se frij? Op papier. Mar der waard op harren delsjoen en dat fielden se ek! Se koene der ek neat oan dwaan.

En wat hat de neiteam fan de minsken op’e foto’s mei harren ferline dien? Stume? Wachte op ekskuzes fan al dy minsken dy’t wol wisten hoe’t it folk dêr omtoarme?

Spitkeet mei âlder pear.

As ik minsken praten hear oer harren slavernijverleden, dan wit ik it net; de minsken yn’e Westereen, de Harkema en yn Nij Beets bouwden faak meiinoar sa’n hutte yn ien dei, fan sloophout, fan seadden, fan wat âlde planken. En dy geast is bleaun. Ast de ferhalen hearst oer hoe’t yn’e Westereen de minsken inoar helpe lúkse huzen te bouwen foar harsels en foar harren buorlju, dan is de geast út de tiid fan’e spitketen bleaun. Oanpakke! Net seure!

Nee, It wurd Spitkeetverleden haw ik noch net heard út’e mûle fan Frans Timmermans of Jesse Klaver as se praten op’e Gerdyk of yn Assen.

© Liuwe van der Meer