Troch Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân en Rykswettersteat sille net mear besykje om fan de brêgen Spannenburch en Koatstertille akwadukten te meitsjen. Beide brêgen binne min ûnderhâlden.
De brêgen binne beide yn behear fan Rykswettersteat. Oer it ûnderhâld is al jierren gedôch. Sa is de brêge by Koatstertille koartlyn mei in needoplossing reparearre. En te swier ferkear kin noch hieltyd net oer de brêge by Spannenburch.
Ien fan de oplossingen wie om fan beide brêgen in akwadukt te meitsjen. Dan soe it behear fan it akwadukt oergean nei de provinsje. Mar dat plan is te djoer, seit deputearre Matthijs de Vries.
“Wy wolle dizze keunstwurken wol oernimme, mar dan moat Rykswettersteat der wol foar betelje. As wy de folsleine ferantwurdlikheid foar de brêgen dy’t yn minne steat binne oernimme, dan wolle we der jild foar om dy te ferfangen.”
Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17282189/akwadukten-by-koatstertille-en-spannenburch-te-djoer-provinsje-wol-no-rap-nagelnije-bregen