Categorieën
Ethiek Mondiaal Politiek Taal

Abe de Vries: Leaver bombardearje as de lêsfeardigens befoarderje

Demokrasy of liberaal autoritarisme?

Samar in nijsberjocht, it lân trochreizgjend op de dei fan de goedhillichman: OESO-ûndersyk wiist út dat de lêsfeardigens fan Nederlânske 15-jierrigen op in nij djiptepunt bedarre is. Alwer! Krekt boppe de boaiem yn de EU, dat is Grikelân. Oarsaak? De regearende ekspertklasse stjoert it jild dat tsjin de plinten opklotst leaver nei de oandielhâlders-miljardêrs fan Lockheed en nei ‘failed state’ Oekraïne – of folje jo sels mar in ‘goed doel’ yn. Alles better as dat de beslissers de bern fan it plebs helpe sille oan maatskiplike kânsen.

No ha ’k wol yn ’e rekken, jo falle oer it wurd ‘ekspertklasse’. Wy binne dochs in demokrasy? Wy, it folk, hawwe dochs de macht? Dat hat ús oer alle bûgen al jierren falende ûnderwiissysteem ús wiismakke. Mar it is amper mear as in mearke, seit bygelyks de Amerikaanske sosjolooch Salvatore Babones (The New Authoritarianism, 2018):

In the contemporary liberal worldview, certain policies are mandatory, others are beyond the pale, and only the experts can tell which is which. Liberal democracy thus requires the obedience of the voters (or at least the citizens) to expert authority. The people are the passive recipients of those rights the experts deem them to possess.

De bêste man waard dalik útmakke foar Trump-freon. Soks dogge ús ‘eksperts’ yn polityk, bestjoer en media graach, yn allerhanne farianten, as in ôfwikend lûd har de earen piniget.

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/