Troch provinsje Fryslân
Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe ynstimd mei de plannen foar de ynrjochting fan it beekdal Alddjip (Keningsdjip). De plannen foar de boppe – en middenrin fan it beekdal Alddjip steane beskreaun yn it ynrjochtingsprogramma en it útfieringsplan. It giet om 350 bunder nije natuer, it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit en it mear romte jaan oan de beek, foar in bettere wetterhúshâlding yn hiel Fryslân. Sadra ’t ek it algemien wetterskipsbestjoer op 18 novimber grien ljocht jout, lizze de plannen foar de gebietsûntwikkeling op besjen.
Provinsje Fryslân draacht hast €14 miljoen by oan it ynrjochtingsprogramma. Wetterskip Fryslân wol foar de totale ynrjochting fan it Keningsdjip goed €9 miljoen beskikber stelle.
Ynrjochtingsprogramma: in natuerlik en klimaatbestindich beekdal
Foar it ynrjochtingsprogramma is in miljeu-effektrapportaazje makke. Dit is in ûndersyk nei de gefolgen foar ûnder oare natuer, wetter, lânbou en lânskip. Der binne ferskate farianten fergelike. De foarkarsfariant kombinearret doelen foar natuer en wetter en hâldt rekken mei de oare gebrûksfunksjes fan de beekdelling, lykas wenje. Yn oparbeidzjen mei Wetterskip Fryslân, LTO Noord, Steatsboskbehear, Natuurmonumenten, It Fryske Gea en gemeente Opsterlân is dizze fariant fierder útwurke yn it ynrjochtingsprogramma.
It programma hat trije haaddoelen:
- Ynrjochting fan 350 bunder nije natuer (Natuurnetwerk Nederland – NNN);
- Bettere wetterkwaliteit troch de oanlis fan meanders (bochten) yn de beek en twa fiskpassaazjes (Europeeske Kaderrjochtline Wetter – KRW);
- In klimaatbestindich beekdal troch wetter better fêst te hâlden, te bergjen en stadich ôf te fieren (Wetterbehear 21ste iuw – WB 21).
Hjir njonken is in tal maatregels foar rekreaasje opnommen. It giet om de oanlis fan in kuierpaad en trije beleefpunten.
Deputearre Matthijs de Vries fan Provinsje Fryslân: “Mei dit programma sette wy in wichtige stap foar de natuer en it wetter yn Fryslân, mei each foar de lânbou. It plan foar de ynrjochting fan 350 bunder foar Natuurnetwerk Nederland (NNN) is mei belutsen partijen en grûneigeners ta stân kaam. Mei-inoar wurkje wy oan in beekdal dat klear is foar de takomst.”
Gerben de Boer, deistich bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân: “Troch gearwurking kinne wy njonken nije natuer ek in soad wetterberging realisearje en ús doelen foar de Europeeske Kaderrjochtline Wetter helje. By ekstreme delslach wurdt de wetterôffier fanút de beekdelling nei de Fryske boezem, it stelsel fan marren, kanalen en fearten, oant 45 prosint fermindere. Dit helpt om wetteroerlêst earne oars yn Fryslân foar te kommen.”
Utfieringsplan: stap foar stap ynrjochtsje
Der wurde petearen mei de grûneigeners en oare belutsenen yn de boppe – en middenrin fan it Alddjip fierd. Omdat noch net alle grûn beskikber is, wurdt de ynrjochting stap foar stap realisearre. It wurk kin as earste starte yn de bopperin, tusken Bakkefean en de Mounleane, by Wynjewâld en Oerterp. It giet om goed 200 bunder wêrfoar’t in útfieringsplan foar de kommende jierren opsteld is. Dêrnei folgje de oare 150 bunder.
It proses: besjen en definitive fêststelling
As it algemien bestjoer fan it Wetterskip ynstimt mei it ynrjochtingsprogramma, leit dat tegearre mei it útfieringsplan fan 1 desimber 2025 oant en mei 12 jannewaris 2026 op it provinsjehûs en it wetterskipskantoar yn Ljouwert op besjen. De stikken en it reaksjeformulier komme digitaal beskikber fia www.fryslan.frl/koningsdiep. Yn de ynsageperioade wurde der ynringearkomsten organisearre yn it gebiet.
Nei de seis wiken duorjende ynsageperioade ferwurket de provinsje de reaksjes. Hjirnei wurde it definitive ynrjochtingsprogramma en útfieringsplan opsteld. Yn de maitiid fan 2026 stelt Deputearre Steaten, mei ynstimming fan it Wetterskip, de definitive plannen fêst en wurdt de útfiering taret mei belutsen partijen en eigeners. Provinsje en it Wetterskip ferwachtsje de wurksumheden út te fieren tusken 2026 en 2030.
Eftergrûn
Yn de jierren sechtich is de rin fan it Alddjip oanpast en it gebiet better ynrjochte foar lânbou. Fan 2007 ôf wurdt wurke oan nije natuer lâns de beek, mei mear romte foar wetter. Underwilens is 225 bunder nije natuer yn it westen fan de beekdelling ynrjochte. Nei jierren fan tarieding leit der no in dúdlik plan foar it easten: de boppe – en middenrin. Mear ynformaasje oer it Keningsdjip is te finen op www.fryslan.frl/koningsdiep.