Histoarikus Wiebe Hoekstra út Sint-Jânsgea jout antwurd op in rige politike fragen. Mar hy seit ek: ‘Ik folgje de politike peilingen op ôfstân. It binne deikoersen.’
FNP-listlûker Aant Jelle Soepboer hellet hast seker gjin Twadde Keamersit. Yn hoefier set syn kampanje Fryslân dochs goed op’e kaart?
Ik wol oer Soepboer wol kwyt dat er te dizich docht. Hy is foar de regio, mar wat wol er konkreet? De ynhâld komt net út de ferve. En syn NSC ferline bliuwt oan him kleven.

Hawwe Fryske tema’s de lêste tsien jier genôch oandacht krigen yn de Haachske polityk: ja of nee?
Ja én nee. Jannewietske de Vries hat mei inkele oare boargemasters fan grutte gemeenten Fryslân servearre as oerringebiet foar it Westen mei relatyf goedkeape grûnpriizen en goedkeape grûnstoffen lyk as sinneenerzjy, wynenerzjy en gas leverje. It Westen hat it mar foar it útsykjen.

Hoe goed kin Habtamu de Hoop, kandidaat-Keamerlid foar GrienLinks-PvdA, de Fryske belangen behertigje yn de Haachske polityk?
Troch fuortdaliks op te hâlden mei it útsuteljen fan ús bougrûn, greiden en lânskip. Mear klam lizze op de eigen identiteit en fia lytsskalige saken derop ynheakje. Bygelyks mear jild foar monuminten en kultuer, oankeap skriezelân, sterk befoarderjen fan biodynamyske en biologyske lânbou kombinearje mei ferheging wetterpeil yn it Feangreide gebiet. De Hoop liket mear te leverjen oan Den Haach en dat te presentearjen as goed foar Fryslân, lyk as de Lelyline mei 150.000 nije ekstra ynwenners.

Hokker tema’s misto oant no ta yn de kampanjes fan de politike partijen? En op hokker wize kin dat better?
Sjoch antwurden foarige fragen. Ek pleitsje foar jild fundearringsskea as gefolch fan in te leech wetterpeil yn it feangreidegebiet. Direkte stop op útwreiding wyn – en sinneenerzjy sawol op lân as op see: Fryslân hoecht net autarkt te wêzen. Op lanlik nivo de ûntwikkeling fan kearnenerzjy op ferskate nivo’s fluch trochsette. Kearnenerzjy is de grienste oplossing mei de minste miljeuskea oan ús lânskip en trekfûgels.

GrienLinks-PvdA, CDA en D66 lizze programmatysk net fier fan inoar. Dizze partijen hawwe de VVD miskien nedich foar in mearderheid fan in nij kabinet. Hoe sjochsto dat foar dy?
Ik sjoch neat foar my. Ik sjoch op dit stuit trouwens gjin inkelde koälysje foar my dy’t myn programma útfiere soe.
PVV-lieder Wilders bringt kear op kear it migraasjefraachstik yn de kampanje nei foaren. Is dat net iensidige polityk? Graach kommentaar.
Sjoch myn foarige punten. Mar as de massammigraasje net oanpakt wurdt, dan wurdt elke maatregel dweile mei de kraan iepen. Dan bliuwt der op de formele provinsjegrinzen nei neat mear fan ús moaie Fryslân oer. Ik bin jaloersk op Denemarken, wêr’t sosjaal demokraten op dit punt wol trochpakke foar behâld fan harren lânskip en romte. Ronald Plasterk soe lieder wurde moatte fan de PvdA.

Hoe skatsto de kânsen yn fan JA21 en SP by de kommende ferkiesingen?
Beide partijen sille it wol goed bedoele, mar se tinke my net yntegraal genôch. JA21 docht it wol goed yn de peilingen, SP bliuwt wat kwakkeljen.
Yn hoefier folgest de politike peilingen dy’t yn de media bekend makke wurde? En hokker belang hast dêr oan?
Ik folgje de politike peilingen op ôfstân. It binne deikoersen. Op it lêste momint bepale de measte minsken harren definitive kar, wat miskien in ekstra schwung oan de winner jout.

Wat wolst fierder kwyt?
Opfallend datsto it net oer Oekraïne hast. De dúdlike oarlochshitserij, it totale histoaryske ûnbenul en in gebrek oan selsrefleksje fan it Westen oangeande harren eigen gedrach fan de lêste tritich jier. Net op it slachfjild, mar fia de diplomatsy moat it bylein wurde.
Wiebe Dooper