Categorieën
Fryslân Politiek

Soepboer per direkt út Keamer wei,wol him folslein ynsette kinne foar FNP

Troch Peter Boomsma, wurdfierder Aant Jan Soepboer

Hjoed tsjinnet kandidaat-listlûker Aant Jelle Soepboer syn ûntslach yn as lid fan de Twadde Keamer. Earder hie hy al oanjûn syn sit werom te jaan oan NSC en yn de earste wike nei it reses ôfskied nimme te wollen fan de Twadde Keamer. Lykwols blykt troch de grutte media-oandacht en oare publike aktiviteiten dy’t op ús ôfkomme, dat dy rûte net wurkber is.

Aant Jelle Soepboer: “Ik fernim dat ik mei holle en hert by it dielnimmen fan de FNP oan de lanlike ferkiezings sit; dêr sit de enerzjy en de krêft, en ik wol alle pylken dêrop rjochtsje kinne, sûnder my dêrby oan alle einen en kanten bûn te fielen en my ûngemaklik te fielen nei NSC ta. Ik hie de ôfrûne oardel jier foar gjin goud misse wollen, al haw ik ek de minder moaie kanten fan de polityk sjen kind. Nederlân is ta oan bettere, kreazere en normalere polityk. Dêr wol ik my foar ynsetten bliuwe.’’

Ynset foar de regio
‘’Mei hert en siel haw ik my ynset foar myn portefúlje en ik wol dat nei 29 oktober dwaan bliuwe foar it hiele Nederlânske plattelân, foar de regio, wêr’t dochs it grutste part fan de Nederlânske befolking wennet en dat lang net altyd sjoen wurdt.’’

Gasboaring en oare tema’s Ek as FNP sjogge wy dat der in soad tema’s nei bûten komme dêr’t wy ús graach rap oer útsprekke wolle, wylst it Keamerlidmaatskip foar NSC mooglik in oare ôfwaging fan de kandidaat-lijsttrekker freegje soe. Nim bygelyks it nijs fan juster dat de 60 miljoen euro dy’t Noardeast-Fryslân tasein is as de gasboaring by Ternaard trochgean soe, no faai stiet. Folslein net te ferkeapjen. Lit dúdlik wêze dat wy tsjin de gasboaring bliuwe. Mar dit politike sinjaal fan minister Hermans (VVD) is der echt fier by troch en slacht op ‘e nij in djippe dûk yn it allang wiffe betrouwen.

Aant Jelle Soepboer: “Wy hawwe sjoen hoe’t der hûnderten miljarden by ús buorlju yn Grinslân út de grûn helle binne en hoe’t it ryk en de NAM dy regio dêrnei behannele hawwe. No driget itselde foar Fryslân te barren. Op ‘e nij is de regio in wingewest.” Soepboer wol elkenien dêr’t er mei gearwurke hat tank sizze: ”Hertlik tank foar it betrouwen yn de ôfrûne perioade. Ik ferwachtsje lykwols dat it gjin ôfskied is, mar in oant sjen! Wy komme der oan!”