Tredde Arcadia-triënnale rjochtet him op takomst, mentale sûnens en talintûntwikkeling fan jonge Friezen
Troch provinsje Fryslân
De tredde edysje fan Arcadia yn 2028 krijt jongerein as sintraal tema. Under de namme foar, troch en mei jongerein wurket Arcadia de kommende perioade oan in krêftich kultureel in maatskiplik programma. De provinsje stelt dêrfoar de al fêstleine €1,5 miljoen beskikber.
De ynhâldlike linen fan Arcadia 2028 binne opboud om trije pylders hinne: it fêstigingsklimaat foar jongerein, mentale sûnens en talintûntwikkeling. Dêrmei wol Arcadia bydrage oan in Fryslân dêr’t jonge minsken har sjoen en lokkich fiele, bliuwe kinne en har ûntwikkelje en aktyf meibouwe kinne oan de takomst fan harren omjouwing.
Kultuerdeputearre Sijbe Knol: “We sjogge dat de druk op jongeren tanimt, yn in tiid dy’t hieltyd flugger liket te gean troch sosjale media, de druk op de wenningmerk en de ferwachtingen fan de prestaasjemaatskippij. As oerheden en maatskippij meie wy net akseptearje dat jongeren harren libben yn Fryslân trochinoar leger beoardielje as oare leeftiidsgroepen. Dêrom sette wy yn op de earder neamde pylders: fêstigingsklimaat foar jongerein, mentale sûnens en talintûntwikkeling.”
Ut ûndersyk fan Planbureau Fryslân docht bliken dat jongeren it libben yn Fryslân leger wurdearje as âldere ynwenners. Foar de provinsje Fryslân en Arcadia is dat in wichtige oanlieding om jongerein yn de folgjende edysje as makkers, tinkers en mei-eigeners fan it programma sintraal te setten.
Hein Kuiken, wethâlder Kultuer, jout oan dat de gemeente Ljouwert ek in soad belang hechtet oan de takomst foar jongerein. “Over Arcadia 2028 is nog geen besluit genomen binnen de gemeente, maar dat de provincie en Arcadia jongeren centraal willen stellen in de volgende triënnale stemt mij zeer positief.”
Ferfolch
De kommende perioade wurket Arcadia gear mei jongerein, makkers, ûnderwiisynstellingen, maatskiplike partners, gemeenten en frijwilligers oan de fierdere ynfolling fan it programma 2028. Mear ynformaasje oer projekten, gearwurkingen en dielname wurdt op in letter momint bekend makke. Immie Jonkman, direkteur-bestjoerder fan Arcadia: “Arcadia leaut yn de krêft fan keunst en kultuer om minsken mei-inoar te ferbinen en nije perspektiven sichtber te meitsjen. Yn 2028 bouwe we mei jongeren oan in programma dat net allinnich giet oer harren takomst, mar dat just ûntstiet troch harren ideeën, talinten en ferbyldingskrêft.”