Categorieën
Beleid Niet gecategoriseerd Politiek Taal

Nij taalbelied Súdwest-Fryslân: Ynwenners en meiwurkers ferliede om mear Frysk te praten

Troch gemeente Súdwest-Fryslân

Súdwest-Fryslân set mei it nije taalbelied yn op it fersterkjen fan ‘e Fryske taal en de streektalen Stedsfrysk en Hylpersk. Sa wol de gemeente ynwenners, ûndernimmers en meiwurkers ferliede om it Frysk en de streektalen mear te brûken en sjen te litten. It taalbelied set yn op trije pylders; eigen, brûzjend en sichtber.

“Wy binne grutsk op ús taal en wolle derfoar soargje dat er net ferlern giet,” seit wethâlder Petra van den Akker. “It Frysk is diel fan ús identiteit. Mei dit belied wolle wy it net allinnich bewarje, mar ek brûze litte. Wy wolle dat minsken har goed útdrukke kinne en dat de taal mear sichtber wurdt yn Súdwest-Fryslân.”

Pylder Eigen

Elkenien mei syn eigen taal prate. De gemeente wol – wêr dat kin – safolle mooglik taalfolgjend wêze. Dat betsjut dat de gemeente de taal praat of skriuwt dy’t de ynwenners brûke. Bygelyks yn e-mails of oan de tillefoan.

Pylder Brûzjend

Taal is weardefol. It helpt ús om ús gefoelens, ideeën en fragen te dielen. De gemeente wol dat bern en folwoeksenen talen ûntdekke, leare en brûke kinne. It brûken fan mear talen is goed foar de ûntwikkeling fan bern. De gemeente wol dan ek de taal brûze litte op skoallen, de pjutte-opfang en by kultueraktiviteiten. Dit is fan grut belang foar it fuortsetten fan de talen.

Pylder Sichtber

Mar ek it sichtber meitsjen fan ús talen makket dat it gewoan wurdt om it Frysk, Stedsk of Hylpersk te brûken. Sichtberens soarget foar werkenning en moediget oan ta gebrûk. Dêrom wol de gemeente de talen sichtber meitsje op ferskate plakken. Tink derby oan ynformaasjebuorden en paadwizers op strjitte. Of plakken dêr’t in soad minsken komme. Sa as yn doarpshûzen en sportakkommodaasjes, winkels en hoareka.

Meartaligenskoördinator yn aksje

In meartaligenskoördinator giet mei it taalbelied en de pylders oan ‘e gong en makket in útfieringsprogramma. Sa soarget dizze koördinator derfoar dat it taalbelied yn de praktyk útfierd wurdt. De koördinator stiet yn kontakt mei ferskate organisaasjes, doarpsbelangen en ûnderwiisynstellingen om te sjen hoe’t it Frysk en de streektalen noch better yn de praktyk tapast wurde kinne.

Diel fan de mienskip
Mei dit belied wol Súdwest-Fryslân net allinnich har taalerfgoed bewarje, mar ek in klimaat skeppe wêr’t it Frysk en de streektalen in natuerlik plak hawwe yn it deistich libben. It is in ynspanning foar elkenien: fan ynwenners en ûndernimmers oant de meiwurkers fan de gemeente. Sa wurdt it Frysk mear sichtber, eigen en brûzjend en bliuwt it in libbend diel fan ‘e mienskip.