Jelma Knol (eks-ensafh) hat in stikje op de ‘literêre’ site fan ensafh skreaun oer de ynterviewbondel Wêr bliuwe de froulju? fan Janneke Spoelstra. Jelma Knol fynt dat de Fryske manlike skriuwers in skop ûnder de kont hawwe moatte. It is tink ik it meast neatsizzende stikje op ensafh fan 2025. En dat seit wat.
Knol hat it oer ‘in yndrukwekkende, erudite stúdzje, grôtfol analyzes, literatuerferwizings nei stúdzjes oer de rol fan de frou yn de literatuer, de posysje yn oare taalgebieten en boppedat moaie, djipdollende ynterviews mei tsien dichteressen’. Mar wêrom’t Knol dit sa’n yndrukwekkende stúdzje fynt, dêr moatte wy nei riede. Knol woe dan ek net in resinsje skriuwe, se woe graach reklame meitsje. ‘Lês fral it boek fan Janneke!’ is it advys.
Jawis, lês foaral dat boek. De ynterviews binne nijsgjirrich. Mar jo sjogge dan ek al ridlik gau dat it eins net oer in ‘stúdzje’ giet. Der is gjin ûndersyksfraach, gjin hypoteze dy’t toetst wurde moat, gjin kennis dy’t ferovere wurde moat. Der binne wol wat sifers, en dy wize út dat fan froulju folle minder dichtbondels publisearre wurde as fan manlju, en dat dichtsjende froulju folle minder faak in priis krije as dichtsjende manlju. Lykwols, dat hat Spoelstra net útfûn, dat wisten wy al.
De fraach dy’t se stelle moatten hie, is hoe’t dat komt. Ynstee fan in wittenskiplike ekspedysje om in antwurd op dy fraach te formulearjen, binne der tsien ynterviews mei tsien froulike dichters. Oan dy dichters wurdt de hamfraach lykwols net steld, alteast, der komt gjin antwurd op. Wêrom net?
‘Dat dichteressen [de froulju yn kwestje neame harsels leaver ‘dichter’] noch altyd yn de marzje fan de Fryske literatuer operearje sjoen it lytse tal bondels dat útkomt en de seldsume bekroaningen mei literêre prizen’, skriuwt Knol, ‘bewiist Spoelstra mei har sifermjittige analyze.’ Nee, dat bewiist se net. Har boek giet net oer froulju dy’t proaza skriuwe, bygelyks. En wat se oer froulike dichters beweart, dat wisten wy lykas sein al lang.
Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2026/01/in-freonlik-skopke-under-de-kont.html