Categorieën
Cultuur Fryslân Taal

TEFOLLE PETTEN

Troch Abe de Vries

Doeke Sijens (1955)is net inkeld resinsint fan Frysk proaza by de LC mar ek foarsitter fan de Stichting FLMD. Dy stichting is de oerbleaune rjochtsfoarm fan it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum.

Dy stichting rikt tegearre mei de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis út, in priis foar oarspronklik Frysk proaza. Sjueryleden foar de priis wurde troch de Stichting FLMD ûnder foarsitterskip fan LC-resinsint Doeke Sijens nei foarren skood. Ek al bart alles mei de bêste bedoelingen, en dat docht it fansels, dy sitewaasje is út it eachweid fan transparânsje wei besjoen sis mar sub-optimaal. Mear petten as ien drage hoecht gjin punt te wêzen; it wurdt it wól bywannear’t it wikseljen fan pet net op de bühne mar achter de skermen plakfynt.