Categorieën
Fryslân Politiek

Takomst laket FNP oan op jubileumfeest

(tekst: FNP Fryslân)

De takomst stie sintraal op it jubileumfeest fan de FNP op 21 jannewaris, dat mear as 180 besikers luts. Mei de kampanjestart foar de ferkiezings foar Provinsjale Steaten en Wetterskip en mei in sympoasium oer de fierdere takomst. Der waard ek praat oer de fraach oft de FNP oan Twadde Keamerferkiezings meidwaan moat.

 De dei yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean sette útein mei in lêzing fan kultuerhistoarikus René Cuperus fan it Clingendael-ynstitút oer de takomst fan regio ‘s en regionale partijen. Hoe krije dy lanlik mear ynfloed? Cuperus stippe kânsen en falkûlen oan. Dat Friezen mei minder tefreden binne en yn it generaal sûner, is moai fansels. Mar der binne grinzen. De partij moat neffens Cuperus in antwurd fine op ’e fraach hoe’t de ekonomy stân hâlde kin, ek sûnder Lelyline bygelyks. 

‘’De omstannichheden binne geunstich’’ (René Cuperus) 

De omstannichheden om mei te dwaan oan Twadde Keamerferkiezings binne geunstich. It fertrouwen yn ’e lanlike polityk is leech, BBB bewiist dat der ferlet is fan plattelânspartijen en de FNP sels hat mear oanhing as ea. 

Boppedat binne de mooglikheden om wat klear te krijen yn De Haach fia PvdA en CDA beheind, omdat dizze tradisjonele partijen gâns ferswakke binne. De lobby-krêft fan Fryslân is mominteel lyts.

De regio’s soene ek mear ynfloed yn De Haach krije kinne troch de regionale fertsjintwurdiging yn de Earste Keamer oan te passen. Dêr is dan in oar kiesstelsel foar nedich. Al mei al hat de FNP-kommisje dy’t útsiket hoe’t dielname oan de lanlike ferkiezingen mooglik is, wer nije boustiennen krigen foar harren ûndersyk. Ek wurde de útkomsten brûkt foar it meitsjen fan in takomstfyzje.

‘’Wy wurde miskien wol de grutste’’ (Sijbe Knol)

Op it jubileumfeest (60 plus 1 jier) trape steatelistlûker Sijbe Knol de kampanje ôf mei in taspraak en de nije kampanjefilm . ‘’Wy sille ien fan de grutte partijen yn PS wurde, miskien wol de grutste’’, sei Knol. Hy rôp de kandidaten foar PS en Wetterskip op it poadium, en ek de kandidaat-senator en alle minsken dy’t meihelpe oan de kampanje. Oan it tal jonge gesichten te sjen, hat de FNP ek op dit mêd de takomst.

Fansels seach de partij ek werom op it rike ferline. Middeis waard Roel Falkena (1936-2021) postúm beneamd as earelid. De Flaamske Nelly Maes priizge Falkena ûnder mear foar syn fûleinige ynset by de oprjochting  fan de European Free Alliance (EFA). En EFA-foarsitter- Lorena Lopez de Lacalle sei dat de hjoeddeistige ûntjouwings fan de FNP in grut foarbyld binne foar oare minderheidspartijen.

Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1515/