In pleats yn de blinkende sinneskyn
it jongfé foar de hikke.
Der is gjin suchtsje, gjin fleuchje wyn
it lân sa skjin as in blikke!
It hea is birêdden en ûnderdak
lins ha de ladeweinen
de trekker wurdt trochsmard en krijt syn gerak
de ûngetiid wie in folsleinen.
Nou is it wachtsjen noch op hwat rein
dat de greide har wasket en sêddet
en it beamt him bidrinkt hjir oan it Westein
elke eker syn oerfloeden bêddet.
Dit luftich forhael oer it doarp Eastersé
nei de haejing is mar sa’n forteltsje:
Yn Fryslân leit rounom it libben sa ré
as hjir op é pleats fan Lukas en Jeltsje!
Kees Jongsma (22-04-1921 Skoatter Uterdiken – 21-03-1996 It Hearrrenfean)
Út Milieu, Boerefersen fan Kees Jongsma
Moanneblêd De Strikel, jiergong 1976
Ynformaasje Tresoar:
Kees (Cees) Jongsma werd geboren te Schoter Uiterdijken, een aantal boerderijen op een strook land tussen de Tsjonger en de Ychtendyk. Vanaf 1952 werkte hij op de ‘Koai’boerderij onder Bantega. Sinds 1958 was hij lid van de PvdA-fractie in de raad van Lemsterland, waar hij in de tachtiger jaren van de 20e eeuw ook wethouder was. Verder bekleedde hij veel functies in verschillende agrarische organisaties. In 1986 stapte hij uit de politiek. In 2005 werd er bij een uitbreidingsplan in Bantega een gedenkteken voor Kees Jongsma onthuld.
https://www.tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea0e