Troch Tresoar
Ofrûne freed wie it feest! Doe waard de earste Tiny Mulderpriis útrikt oan Rymke Zijlstra foar har boek 𝘐𝘵 𝘨𝘦𝘩𝘦𝘪𝘮 𝘧𝘢𝘯 𝘎𝘶𝘳𝘫𝘢. Yn it smûke tsjerkje fan Jellum (Theaterkerk Mammemahuis) krige sy in oarkonde oerlange troch deputearre Eke Folkerts. By de priis heart ek in jildbedrach fan 4000 euro.

Foar Zijlstra fielde it wat ûngemaklik om “hjir sa midden yn ‘e belangstelling te stean”, mar tankberens oerstimde dat gefoel. “Wat in ere om hjir as earste dizze priis ûntfange te meien. En dat foar (…) myn earste Fryske oersetting fan in Noarsk boek.”
In learling fan basisskoalle IKC It Pertoer lies in stikje foar út it bekroande berneboek en der wie ék noch Fryske muzyk fan sjongeres MAYTE. Wy sjogge werom op in prachtige earste útrikking fan de Tiny Mulderpriis!
Wolst mear witte oer dizze priisútrikking?” Lês dan dit artikel op ús webside: https://www.tresoar.nl/…/eerste-uitreiking-van-de-tiny…