Categorieën
Bolsward Fryslân Interviews Niet gecategoriseerd Politiek Sneek Súdwest Workum

Sicco Rypma: ‘By de FNP stiet wentebou mei stip op 1’

Sicco Rypma út Blauhûs stiet nûmer 3 op de list fan de FNP foar de riedsferkiezingen yn Súdwest-Fryslân. Hy is in man mei in protte politike ûnderfining, want hy siet al yn de rie fan Wybritseradiel foar syn partij.

  1. Fielsto dy ek in fertsjindwurdiger fan it doarp as riedslid? Hokker foardiel hat dat? En hokker neidiel?

In doarp is de wrâld yn it lyts. Hjir bart ek alles, allinnich op lytsere skaal. Foardiel is it mienskipsgefoel, neidiel is dat je as doarp mear fjochtsje moatte om saken sa as wentebou foarmekoar te krijen.

2. Wat is it meast ynteressante politike fraachstik út dyn karrière? En werom?

De fúzje fan de 5 gemeenten ta ien grut Súdwest-Fryslân. It kaam net fan ûnderop, der wie wjerstân en dochs dendere de trein troch.

3. Yn hokker opsicht is de fúzje fan Súdwest slagge? En yn hokker opsicht net?  

Der is no ien amtlike organisaasje mei sintrale húsfesting yn Snits, de Bûtetsjinst komt sintraal yn Boalsert. Súdwest-Fryslân is dêrnei daliks wer opdield yn regio’s en binne der doarpen- en wyk koördinatoaren oansteld as skeakel tusken gemeente en pleatslike belangen.

It is net goedkeaper wurden, dat soe al. Yn dizze gemeente mei 89 doarpen en stêden is it dreech om ‘alles’ goed te oersjen. Der is frustraasje op it plattelân at der wer 100 huzen yn Snits by komme en ‘jo’ doarp sels earst bewize moat oft der wol ferlet is fan 10 wennningen. Dat moat oars. 

4. Wat driuwt dy om nochris in riedsperioade mei te meitsjen?

Ik sis altyd ‘it giet earne oer’, de ried fergadert en beslút oer belangrike saken. Dêr doch ik graach oan mei. It is noch altyd in útdaging.

5. De FNP hat 50 minsken op de list. De earste 5 binne de sittende riedsleden. Wat is derfan de reden?

We binne grutsk dat wy 50 minsken op e list hawwe sy binne ús ambassadeurs.

Oer de sitten-bliuwende riedsleden is mar ien antwurd mooglik: ‘Never Change A Winning Team’. De FNP fraksje is in hechte ploech. We fiele mekoar goed oan en hawwe in goede taakferdieling, elk hat sa syn spesjalisme en kwaliteit.

6. Hoefolle sitten hellet de FNP op 16 maart minimaal en maximaal?

De FNP hâldt minimaal de hjoeddeiske 5 sitten en dreamt fan 8 sitten.

7. Wat bin de trije wichtichste programpunten fan de FNP foar de nije riedsperioade? En werom disse saken?

  •   By de FNP stiet wentebou mei stip op 1.
    • Yn doarp en stêd moat elkenien wenje kinne dêr’t hy of sy wenje wol. De gemeente moat de rezjy pakke en net oerlitte oan ‘de merk’.
  • Us moaie iepen grien lânskip ynsette foar eigen ynwenners en rekreanten.
    • Genietsje fan de eigen omjouwing.  
    • Hjirta fyts- kuier- en ruterpaden oanlizze.
  • Earmoede sinjalearre en foarkomme.
    • Want der is noch altyd tefolle stille earmoede.
  • Mear oandacht foar ús unike Fryske Kultuer en Taal.
    • Minsken koesterje de Fryske taal, ús tradysjes en ús rike ferieningslibben.

8. Der wurdt yn de polityk in protte sprutsen oer wenningbou. Hoe ferklearesto dat der sa’n bytsje bout is meiname op it plattelân yn de rin fan jierren?

Der is wol boud, mar meinamme yn de stêd en hast net op it plattelân. De oarsaak sit yn de holle fan ferantwurdlik ‘deskundigen’ en bestjoerders, sy hawwe it oer krimp op it plattelân. Unsin fansels, want der is foldwaande fraach nei wenningen. Troch te bouwen op it plattelân soargje we boppedat foar natuerlike trochstreaming en mear kânsen foar jonge minsken om yn eigen doarp wenjen te bliuwen.

9. Wat wie in polityk sukses de noch rinnende riedsperioade? En hokker fraachstik hie mear oandacht fertsjinne? En werom?

Under oare troch lobby fan de FNP wurdt der no glêsfezel yn hiel SWF oanlein, bliuwt swimbad Vitaloo Boalsert iepen, giet it kolleezje no alle mooglike ynstruminten om de wenningbou oan te jeien oppakken, wurdt de gefaarlike ôfslach by Snits fanôf de Jouwer oanpakt en (aktueel) komt der belied foar kabelgoaten om partikuliere E-auto’s op te laden, ensafoarthinne.

Grutte frustraasje is ûntstien mei it troch B&W net útfieren fan in riedsbreed oannommen FNP moasje om projekten foar ferienings foar natûr-ynklusive lânbou te stypjen.

10. Do bist tige warber mei it Undernimmersfûns. Wat binne de twa sintrale punten deryn?

Ik bin, sis mar, warber tsjin dit meunster, want minsken hawwe der net om frege.

Eltsenien mei in ‘bedriuws gebouw’ is ferplicht mei te beteljen fia de WOZ, dat ropt in protte wjerstân op. Der giet elk jier € 1 miljoen yn de pot fan it fûns mar de gemeenteried hat gjin inkel foech om de bestegingen te kontrolearjen.

Ek de saneamde retribúsje regeling (werom betelje fan bydrage) wurket net. Der bliuwt in bulte jild op de planke lizzen, der wurde no grutte projekten foar betocht en betelle. By gemeentelike subsydzjes wurde tefolle ûntfongen bedragen werom betelle, by dit fûns dus net.

Om it imago op te poetsen is de doelstelling ‘voor en door ondernemers’ loslitten. De ûndernimmers binne no net mear baas oer de eigen ynbring, wylst dat krekt de bedoeling wie.

Der is in goed alternatyf, in saneamde BIZ, wêr ûndernimmers frijbliuwend oan diel nimme kinne. En wat is der mis mei in gemeentelike demokratysk fêststelde subsydzje regeling?!

(Dit is deel 3 in de serie over de raadsverkiezingen in Súdwest-Fryslân)

WD