Categorieën
Fryslân Sport

Sels mei in man oerboard sylt Grou noch nei plak trije: wat is it geheim fan Douwe Visser?

Troch Omrop Fryslân

Noch foar de start lei der al in bemanningslid oerboard. Mar neffens skipper Douwe Visser fan Grou hie dat gjin ynfloed op de wedstriid.

It barde bûten byld. En hoe’t it koe, is noch net hielendal dúdlik. Mar doe’t it seil fan it skip fan de iene nei de oare kant gie, foel adviseur Tammo Oosterhof fan it skûtsje ôf.

Hy lei ynienen yn it wetter fan de Wide Ie, mar hy wie der ek samar wer út.

De tomme omheech

“Tammo lei yn it wetter. Hy die de tomme omheech. En hy wie moai fris dêrnei”, laket skipper Douwe Visser nei ôfrin fan de wedstriid. “Mar it wie net leuk fansels.”

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17656349/sels-mei-in-man-oerboard-sylt-grou-noch-nei-plak-trije-wat-is-it-geheim-fan-douwe-visser