Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân stelt 2,2 miljoen euro beskikber foar in ferkenningsstúdzje nei parsjele elektrifikaasje fan de spoarlinen Ljouwert-Harns Haven en Ljouwert-Starum. Mei dizze stap riedt de provinsje him mei it Ryk en de spoarsektor ta op folslein emisjefrij treinferfier yn 2035.
It útfieren fan de ferkenningsstúdzje is de earste stap om de spoarynfrastruktuer klear te meitsjen foar duorsum treinferfier. Dit slút oan op de resint oannommen moasje Pierik en De Hoop yn de Twadde Keamer oer it útfasearjen fan de lêste disellinen. Deputearre Matthijs de Vries: “Wy dogge dizze ekstra ynvestearring fan €2,2 miljoen, om’t wy stappen sette wolle yn it duorsumer meitsjen fan it treinferfier yn Fryslân. Troch it foar in part te elektrifisearjen, ynvestearje wy tûk en effisjint yn ‘e ynfrastruktuer. Sa meitsje wy de Fryske spoarlinen klear foar de takomst.”
Batterijtrein
Oant no ta wie folsleine elektrifikaasje fan it spoar de iennige opsje yn Nederlân om oer te stappen nei folslein duorsum treinferfier. It folslein hifkjen fan it spoar is lykwols tige kostber en nimt jierren yn beslach. De batterijtrein is in tûk en duorsum beskikber alternatyf. Spoartrajekten krije foar in part boppelieding. Dit besparret kosten en tiid. Op dizze trajekten kin de batterij oplade troch de stream fan de boppelieding te brûken. As de batterij foldwaande opladen is, kin de trein ride op it stik spoar sûnder boppelieding, wêrtroch folsleine elektrifikaasje fan it spoar net nedich is.
Batterijtreinen binne skjinner as diseltreinen. Se stjitte gjin skealike stoffen út en leverje hjirmei in wichtige bydrage oan de klimaatopjefte. Trochdat batterijtreinen stiller binne hawwe se in posityf effekt op de leefomjouwing en it reizgerskomfort. Dêrneist drage batterijtreinen posityf by oan de eksploitaasjekosten en kinne de treinen flugger oplûke.
Nije treinkonsesje 2021 -2050
Yn 2035 rint de hjoeddeistige noardlike regionale ferfierskonsesje ôf. In grut part fan’e hjoeddeistige diseltreinen binne dan oan ‘e ein fan harren technyske libbensdoer. Dit is in goed momint om oer te stappen op batterijtreinen. Dit wurdt meinaam yn de tarieding fan de nije treinkonsesje.