Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân ropt ynwenners op om harren foarkar út te sprekken oer twa ûntwerpen foar nije meartalige ferkearsbuorden lâns de provinsjale diken. De kar fan de ynwenners wurdt meinaam yn de definitive foarmjouwing, sadat de buorden sawol dúdlik binne yn it ferkear as passe by de ambysje om it Frysk in lykweardige posysje te jaan yn de iepenbiere romte.
It fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk is in wichtich spearpunt yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028. Om dy reden hat it kolleezje fan Deputearre Steaten yn 2024 besletten dat fan 2026 ôf it Frysk tafoege wurdt op de ferkearsbuorden by de provinsjale diken del. Yn dat ramt binne twa ûntwerpfarianten makke foar meartalige buorden.
Foarkar fan ynwenners sintraal
Omdat ferkearsbuorden it strjitbyld mei bepale en in krúsjale rol spylje yn de ferkearsfeiligens, wurde de ynwenners fan Fryslân fia Stim fan Fryslân (www.stimfanfryslan.frl) frege oan te jaan hokker ûntwerp sy it meast dúdlik fine. Ek kinne ynwenners oanjaan hokker foarmjouwing neffens harren it bêste rjocht docht oan de lykweardige posysje fan it Frysk: in skieding tusken beide talen mei in saneamde ‘taalline’, of it kursyf werjaan fan it Frysk.
Perioade fan dielname
Fan 9 oant en mei 23 desimber kinne ynwenners fia Stim fan Fryslân harren stim útbringe op harren foarkarsfariant. De útkomst fan dy útfraach wurdt behelle by de fierdere beslútfoarming oer it definitive ûntwerp fan de meartalige ferkearsbuorden.